Omrop Fryslân

Frijwilligers bringe Museumhûs Van Eysinga ta libben: "Ik bin mar in amateur, hear!"

Makke Hepkema soarget foar muzyk yn it museumhûs Van Eysinga
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
It is in museum dêr'tst oanbelje moatst om deryn te kommen: in frijwilliger docht de doar iepen en hjit dy fan herte wolkom. By Museumhûs Van Eysinga is alles krekt even oars as by oare musea.
Doel is dêr datst dy as besiker thús fielst. En datst lekker sneupe meist: alle kastkes en laadsjes meist iepenlûke.
Ast oer de drompel stapst fan it hearehûs oan de Keningsstrjitte yn Ljouwert, waanst dy yn de 18e iuw.
De keamers binne ynrjochte yn de styl fan Lodewijk XVI. Dat is de tiid fan de earste bewenner fan it hûs: Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828).
Van Eysinga wie grytman fan Doniawerstal en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Femke Feddema is koördinator fan museumhûs Van Eysinga
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
De Van Eysinga's wennen op Osinga State yn Langwar, mar dit hûs wie harren stedsresidinsje: de helte fan it jier wennen se hjir.
It wie in hiel wichtige lokaasje yn Ljouwert, flakby it Lânskipshûs, it plak dêr't Fryslân bestjoerd waard.
"Het was alsof je tegenover het Binnenhof in Den Haag zou wonen", leit Femke Feddema út.
Dat maakt het wel anders dan andere musea, want meestal mag je nergens aankomen.
Femke Feddema oer it iepen karakter fan Museumhûs Van Eysinga
Femke Feddema is koördinator fan it Museumhûs, dat ûnderdiel is fan de lanlike feriening Hendrick de Keyser Monumenten. De feriening set him yn foar it behâld fan arsjitektoanyske of histoaryske gebouwen yn Nederlân.
Doel fan de feriening is om it ferline taastber te meitsjen. Der binne no trettjin museumhuzen yn it hiele lân. It Museumhûs hat in iepen karakter.
Yn museumhûs Van Eysinga meist alle kasten en laadsjes iepenlûke
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
"Onze bezoekers mogen zelf het huis ontdekken, dat maakt het wel anders dan andere musea, want meestal mag je nergens aankomen", fertelt Feddema.
Mar hjir meist de linnenkast iepenlûke en op dy âlde stoel sitte.

Makke spilet op de basfluit

De ynrjochting bringt dy werom yn de tiid, mar de frijwilligers bringe it museum ta libben, is de oertsjûging fan Feddema. Makke Hepkema is ien fan dy frijwilligers. Se spilet op har basfluit yn de muzykkeamer.
It monumintale Eysingahûs yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Der binne kollega's dy't lekker bakke kinne, dy meitsje breapudding út de 18e iuw. Der is in kollega dy't ferstân hat fan âlde klokken. Dy wynt de klokken op. En ik kin in bytsje op myn basfluit spylje."
"Ik bin mar in amateur, hear", laket se. Mar se fynt it prachtich om mei har muzyk sfear te bringen yn de muzykkeamer.
Frijwilliger Bonnie van der Veen soarget foar de ûntfangst
© Omrop Fryslân, Klazina Hofstee
Bonnie van der Veen is ek frijwilliger. Sy is gastfrou: se docht de doar iepen foar de besikers, regelet de tagongsbewizen en jout tekst en útlis oer it museum.
"We zoeken meer vrijwilligers die de ontvangst willen regelen", fertelt Feddema. "Die met enthousiasme kunnen vertellen over het huis."
Rûnliede is net nedich, de minsken dwale sels troch it hûs. Mochtsto no entûsjast wurden wêze, dan is op dizze webside mear te finen.

Leaver harkje?

Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries en ek as podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.