Omrop Fryslân

Wenhûs keunstner Le Roy nei jierrenlange rúzje te keap: behâlde as erfgoed of frije ferkeap?

Louis Le Roy
© Museum Heerenveen
In wenning dy't mear as in wenning is. It hûs fan túnarsjitekt, keunstner en filosoof Louis Le Roy stiet te keap. It hat jierren duorre foardat de erfgenamten derút wienen wat der mei it hûs barre moast en goed ûnderhâld bleau út.
Uteinlik is der in kompromis sletten: der wurdt earst fjouwer moannen socht nei in keaper dy't ynvestearje wol. Immen dy't it hûs opknappe wol en der in moetingssintrum fan meitsje kin yn de geast fan Le Roy.
Slagget dat net, dan komt it op de frije merk. En dat betsjut dat in stik erfgoed fan Louis Le Roy yn gefaar is om ferlern te gean, fine de pakesizzers fan Le Roy.
"En het was een grote wens van Louis om deze plek te laten bestaan als inspiratie- en werkplek, om hier te voelen dat er meer is tussen hemel en aarde dan alleen maar wat we elke dag zien", seit Iris Vogt oer har pake.
It hûs fan keunster en filosoof Louis Le Roy stiet te keap
Le Roy, bekend fan de ferneamde ekokatedraal yn Mildaam, wenne en wurke yn it hûs oan de Prins Bernhardwei yn Oranjewâld oant syn dea yn 2012. Louis en syn frou Ingrid hiene faak in soad gasten oer de flier út binnen- en bûtenlân.
De tún en it hûs azemje in keunstnerssfear. Yn it hûs is in grutte samling boeken, stiennen, skulpen en kleure glês te finen. It wie foar Le Roy in wichtich plak fan ynspiraasje, fertelt Iris Vogt, wylst se op de stoel fan har pake sit.

Filosofy

"De filosofie van mijn opa was bijzonder. Het gaat over de complexiteit van de mens."
Syn wurken binne eksperiminten. As minske soene je de meast komplekse relaasje mei de natuer hawwe wolle yn stee fan de natuer behearskje te wollen, is de gedachte.
"Een monocultuur, bijvoorbeeld als je elke dag een hamburger eet van McDonalds, is uiteindelijk niet zo goed voor je gezondheid." De gearwurking fan minske en natuer, dêr bedije je neffens Vogt by. "Dat heeft 'ie in zijn ecokathedraal laten zien, maar ook in het stukje tuin hier."
Iris en har broer Mark Vogt wiene it net iens mei harren muoike, de iennichste noch libjende dochter fan Louis en syn frou Ingrid oer de ferkeap. Henriette Vogt woe it leafst sa gau mooglik fan it hûs ôf. Tagelyk sjocht gjin fan de erfgenamten him- of harsels as in geskikte behearder fan it hûs.
Alle trije wolle se dus gjin eigener bliuwe, mar de pakesizzers wolle wol dat de wenning beholden bliuwt.

Wenhûs mei erfgoed

Yn in proseduere foar de rjochter waard úteinlik fêstlein dat alle partijen sûnder betingsten akkoart gean moasten mei it ferkeapplan fan de makeler. Dy sil fjouwer moannen syn bêst dwaan om in keaper te finen dy't it hiele erfgoed oernimme wol.
Eize Veenstra hat de wenning op Funda set. De makeler wennet sels net fier fan it Le Royhûs ôf en fynt it in bysûnder ferkeapprojekt. "Ik haw yn myn karriêre al hiel wat wenningen ferkocht, mar dit ha we noch nea dien."
Veenstra hat der syn kennis oer Le Roy foar oppoetst. "Ik moast my der wol yn ferdjipje. Wy hawwe de skiednis mei Mark en Iris trochnaam en wy kinne der no in boel oer fertelle."
Iris en Mark Vogt mei makeler Eize Veenstra yn it atelier fan Louis Le Roy
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Neffens Vogt binne der partijen dy't, krekt lykas har, de filosofy goed passen fine by de moderne tiid. Mei de stichtingen Tijd en LeRoy, it Nieuwe Instituut yn Rotterdam en Museum Heerenveen prate se al in skoft oer de mooglikheden fan in programma en in 'Le Roy Academie'.
En der is ek wol in kandidaat te finen dy't mei it hûs en de tún it erfgoed yn stân hâlde wol, tinkt Vogt. "Niet als een statisch geheel zoals een museumhuis, want Louis hield absoluut niet van musea. Maar wel als inspiratie waar verder aan gebouwd wordt."

Magysk plak

"Het gaat om de filosofie, die hier zo voelbaar is", fertelt Vogt. "Het is magisch als je hier binnenloopt. Er zijn veel mensen die echt onder de indruk zijn."
It kin in plak wurde foar de organisaasje fan lêzingen, workshops en gearkomsten. "Waar artist-in-residence plaatsvindt, waar de K.U. Leuven samen met bijvoorbeeld een universiteit in Zweden iemand stuurt die onderzoek komt doen."
De Ekokatedraal by Mildaam, in land-art projekt fan lânskipsarsjitekt Louis G. le Roy (1924-2012)
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
"Er is nog veel te ontdekken aan het verhaal van Le Roy", seit Vogt, en dat jildt neffens har ek foar de tafoege waarde derfan foar de mienskip.
"Want die is er", mient sy.

Oprop stichting LeRoy

Op ynternet docht stichting LeRoy in oprop foar in ynvestearder dy't it hûs opknappe wol yn âlde steat. Tagelyk is der in crowdfundingsaksje om fan de wenning in 'Le Roy Academie' te meitsjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.