Omrop Fryslân

Fan de Achmeatoer oant it Timpeltsje fan Ids: dit binne de moaiste 'jonge monuminten'

It keunstwurk dat wol bekend stiet as it Timpeltsje fan Ids Willemsma
© Franke de Jong / Shutterstock.com
De fjoertoer fan Harns, Uniastate yn Bears en it Timpeltsje fan Ids Willemsma op de seedyk by Marrum. It binne foarbylden fan 'jonge monuminten' dy't, as it oan Friezen leit, beholden wurde moatte.
Friezen koene de ôfrûne wike stimme op goed hûndert gebouwen, keunstwurken en parken dy't tusken 1965 en 2000 ta stân kaam binne. Objekten út dy tiid binne faak noch sa jong dat se net op de gebrûklike monumintelisten steane.
De moaiste 'jonge monuminten' fan Fryslân
De 'jonge monuminten' fertelle neffens de provinsje wat oer de perioade wêryn't se makke binne. It iene objekt stiet op in dykferheging, it oare hat te krijen mei de opkomst fan telefyzje en wer wat oars hie der net west sûnder de ruilferkaveling yn de twadde helte fan de foarige iuw.
Dizze alve krigen de measte stimmen:
It 'Timpeltsje' dat keunstner Ids Willemsma yn 1993 op de seedyk by Marrum set hat, is de winner wurden. Willemsma is der wiis mei.
"Ik meitsje it earst foar mysels, mar it is moai dat de minsken it wurdearje", seit er. Hy hie net ferwachte dat er winne soe. "Ik wist net iens dat ik meidie oan dizze wedstriid."

Fan alles wat

De provinsje merkt op dat minsken dy't stimden alderhande ferskate soarten objekten wurdearje. Njonken echte gebouwen giet it om ûnder oare keunstwurken, gemalen en lânskiplike eleminten.
Syb van der Ploeg gong foar de provinsje del by de trije jonge monuminten mei de measte stimmen:
Fryslân hat, krekt as de measte provinsjes, gjin provinsjale list fan monuminten. Wol binne der in pear tûzen Ryksmonuminuten en ferskate gemeentes ha gemeentlike monuminten. De provinsje dielt de peiling dêrom ek mei it Ryk en de Fryske gemeenten.
Fierder wurde de alve jonge monuminten mei elkoar ferbûn mei in fyts- en autorûte. Dy rûte komt op toeristewebside Visit Friesland.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.