Le Roy-tún It Hearrenfean wurdt tagonkliker makke foar minsken mei in beheining

Hobbeljende paadsjes en oerhingjende tûken hearre gewoanwei by de La Roy-natuertún op It Hearrenfean, mar de boel giet op 'e skeppe. De saneamde 'ekokatedraal' moat tagonkliker wurde foar minsken mei in beheining, fynt Stichting TIJD dy't de tún beheart.
Le Roy tun opknapt
Ut in skôging fan it Heerenveens Initiatief Toegankelijkheid (HIT) hat bliken dien dat der in soad saken ferbetterje wurde moatte, sa as te smelle paadsjes en hege stoeprânen. Frijwilligers fan Stichting TIJD binne dêrom drok dwaande om de tún oan te pakken. Barriêres wurde fuorthelle en paden wurde oanpast en geskikt makke foar bygelyks minsken yn in rolstoel of mei in fisuele beheining.
Yn de Le Roy-natuertún is de gearwurking tusken minske, plant en dier tige wichtich en wurdt de natuer sa folle mooglik mei rêst litten. De oanpassingen wurde dan ek dien mei respekt foar de natuer.
Nei alle gedachten is de tún takom jier foar elkenien goed tagonklik.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Peter Wouda fan Stichting TIJD
Frijwilliger Siebe Homminga (83) makket de paden yn de Le Roy tún skjin