Ids Willemsma: "Myn libben is ien grutte wedstriid, de finish leit ûnder de seadden"
Ids Willemsma (73) makket keunst, skriuwt gedichten en is in sport- en natuerman. Syn Timpeltsje op de dyk by Marrum is byldbepalend. Mar ja, altyd mar wer dy twivel.
Hy is in man fan ûnferwachte dingen. "Foekje, hjir komme" ropt er samar ynienen ûnder it fraachpetear. Foekje is de namme fan syn hûn dy't mei is nei de studio.
Hoe is it no mei Ids? Hat er drok mei de keunst? Hy wurdt kritysker, fertelt er. "Ik tink hieltyd faker dat it net goed genôch is. Miskien moat ik mar ophâlde mei de keunst."
Oer syn mentaal minne perioade is Willemsma aardich hinne kaam. Lykwols, der bliuwe altyd 'pijnpunten' sa't syn psychiater it ferwurdet. Syn libben giet op en del, en dat hat altyd al sa west.

Bizar
Yn 2019 wie der in oersjochsútstalling oer syn wurk te sjen yn Ljouwert. Dit jier eksposearre er ûnder de titel 'Als de dood' yn Museum Belvédère yn Oranjewâld.
Yn it begjin fan de jierren '70 hie Willemsma al ris syn eigen deadskiste makke. Hy wie bang dat him yn de auto wat oerkomme soe. "Hurd fytse kin my neat skele. Mei 85 km yn de oere by de Mont Ventoux del, prima. Hielendal net bang, mar yn de auto wol."
Nei syn eigen deadskiste hat er in searje makke en dy wie te sjen stiet yn Belvédère. It bizarre is dat kurator Susan van den Berg dy't har mei de útstalling dwaande hâlde, ferûngelokke is yn it ferkear. Ids hat dêr bot lêst fan hân. "Miskien hie ik dy deadskisten dêr better net hinne bringe kinnen."

Mei de jierren kaam der ek mear twivel. Spyt fan de dingen dy't er makke hat, hat er net. As se net goed genôch binne, stampt er se like maklik wer yninoar.
Soms fynt er dat in keunstwurk net yn de omjouwing past. Mar dat is eat dêr't hy net oer giet. Yn in taspraak by de ûntbleating fan in keunstwurk troch keninginne Beatrix hat er ea ris sein: "In byld hat mear ferstân fan de dingen as guon minsken. Jo hawwe mei minsken te dwaan en dy bepale..."
Foekje
Hy makket syn sin net ôf en slacht fuortendaliks yn oar praat: "Leit dêr wat te fretten? Foekje, hjir komme." Syn hûn skarrelet bûten it sicht fan Willemsma earne om yn de opnamestudio.

De "Frysktalige en rûchhierrige Hollânske hardershûn" is wichtich foar Willemsma. It is syn iennige selskip op syn pleatske yn Easterwierrum.
In maat dy't altyd nei him sjocht. Dat is ek wolris oangripend, as er net sa lekker yn syn fel sit. Sa'n hûn sjocht dwers troch dy hinne. Dy sjocht wat der mei dy is.
Nei de ambacht
Se wiene thús mei trije jonges en trije famkes. As iennige hat Ids net trochleard. Hy gie nei de ambachtsskoalle en dêrnei oan it wurk. Redens meitsje op it fabryk fan syn heit, Ruiter Schaatsen yn Akkrum.
Drave yn de waring
In omke seach wol wat yn Ids as skipper en naam him mei op it binnenskip dêr't er wurke. Dat wie sawat 40 meter lang. Ids: "Ik draafde by de junioaren en dan trainde ik op it skip. Hinne en wer drave yn de waring (gongboard, red.)." Mar skipper wurde waard him net.

Redens meitsje yn de winter fan '63
Yn de strange winter fan 1963 wie der grut ferlet fan redens. Nei skoaltiid moast Ids fuortendaliks nei it fabryk. Jûns ieten se dêr ek. Hy woe graach reedride, mar dat koe net.
Stikem nei de iisbaan
Om dochs ride te kinnen sei er dat er húswurk meitsje moast. Thús gau de redens ûnder de snelbiners en hup nei de iisbaan fan Aldeboarn, de hiele jûn reedride mei de folwoeksenen.
Sitten bliuwe is de bêste set dy't ik yn myn libben dien haw.
Fan húswurk meitsjen kaam dus neat en hy bleau sitten. "Dat is de bêste set dy't ik ea yn myn libben dien haw."
Hy helle mei 15 jier it diploma en moast fuortendaliks oan it wurk. Fakânsje wie der net by. Earst fertsjinne er neat. Krigest pas lean mei 16 jier. Sa wie dat doe.
Nei in pear moanne krige er syn earste leanpûdsje. Dêr siet 25 gûne yn foar in wike wurkjen fan tolve oeren deis. De helte fan it lean moast er oan syn mem jaan as kostjild. Dus hâlde er 12,50 gûne wyks oer.
Wie er net sitten bleaun, dan hie er in jier langer wurkje moatten ûnder dy omstannichheden.
Keunstakademy
Der kaam feroaring yn syn libben doe't de keunstakademy yn byld kaam. "Ik makke fan alles. Sa smeide ik bistjes en blommen. In buorman dy't skoalmaster wie, seach dat en sei: "Do moatst nei de keunstakademy." Ik wist net iens wat dat wie."
Hy moast talittingseksamen dwaan foar de Vredeman de Vries-skoalle yn Ljouwert. Allegearre jonge minsken en oeral waard smookt. It wie de hippytiid en dat mocht doe noch. Ids moast neat fan tabak en hasj smoken hawwe.
De keale provo
"Se neamden my de keale provo." Ids kaam út in oare wrâld. Dy fan it sportive hurdrinnen, oerdeis wurkje op it fabryk en jûns nei skoalle ta.
Myn libben is ien grutte wedstriid en de finish leit ûnder de seadden.
Weromsjend op syn libben hat kompetysje eins altyd in rol spile. "Myn libben is ien grutte wedstriid en de finish leit ûnder de seadden."
By sport is it wol dúdlik dat it om winnen giet. Mar dat jildt likegoed foar keunst. Dêr moatst faak ek mei oaren konkurrearje om in opdracht te krijen, leit Willemsma út. "Gelokkich haw ik faak wûn."

Fierder fuort wenje en wurkje hat him nea wat talike. "Fryslân is myn nêst." Al mei er wol graach fytse yn de Alpen. Drave, hurdfytse, reedride - noch altyd op houtjes - en kanofarre. Bealgje yn de wyn op, dat leit him wol.

Wat bliuwt, binne syn keunstwurken. Benammen de grutte izeren eksimplaren falle op yn it lânskip. Hy is der net bysûnder grutsk op, yn de sin fan: dat haw ik mar moai makke. Wat bliuwt by Willemsma as persoan, is de ivige twivel. Lykas sein, wurdt dy hieltyd sterker. Mar mei keunst, sport, natuer en syn hûn Foekje is syn dei altyd fol.
De top 3 fan Ids Willemsma
Artyst | Titel | |||
Fischer Z | Cruise missiles | |||
Rolling Stones | Paint it black | |||
Sex Pistols | God save the Queen |