Ik wol ferhûzje, mar wêr moat ik begjinne? Fjouwer tips foar huzekeapers
De huzeprizen yn Fryslân berikke hast moanne op moanne in rekôrhichte. As starter op de huzemerk is it in útdaging om in betelber stekje te finen. Dit binne de saken dêr'tst op lette moatst.
Theo Vos is direkteur fan in grut makelerskantoar yn Fryslân, mei fêstigings yn Snits, Ljouwert en Stiens. By syn klanten sjocht er dat der ek yndianeferhalen omgean. 'Mei in stúdzjeskuld slagget it nea', of 'Ik ha net genôch sparjild'.
Sokke saken hoege lang net altyd problemen op te smiten, seit Vos.
Tip 1: Begjin mei in hypoteekpetear
Wichtich yn dizze huzemerk is dat je witte wat je útjaan kinne. "Wy advisearje dêrom altyd: begjin mei de hypoteek. Begjin te ûndersykjen wat de mooglikheden binne, wat je liene kinne."
"Mei in stúdzjeskuld kinne je ek faak wol wat liene, it ynkommen is dochs faak it meast wichtige elemint", seit Vos.
In earste hypoteekpetear is eins altyd frijbliuwend, dêryn kin faak al in yndikaasje makke wurde fan in bedrach dat je maksimaal biede kinne. "As der dan echt in advys of bemiddeling komme moat, dan moatte je wol betelje."
Tip 2: Wit wat in taksaasjewearde is
In hûs wurdt nei de keap taksearre. Dat wol sizze dat it hûs dát bedrach wurdich is yn de hjoeddeistige merk. Foar dy wearde kinst in hypoteek krije. As je dus boppe de úteinlike taksaasjewearde bean hawwe, moatte je it ferskil út eigen bûse betelje.
It oandiel starters dat in hûs keapet, wurdt grutter. Ek yn Fryslân. Dus it slagget blykber wol.
"As der in hiel soad minsken op syk binne, dan kin it wolris wêze dat de hypoteek heger wêze moat as de taksaasjewearde, en dan ha je wol in probleem."
Lit je dêrom goed advisearje troch in adviseur of makeler, dy kinne somtiden al yn it foar in rûge ynskatting meitsje fan de taksaasjewearde.
Tip 3: Lit je net ûntmoedigje
It is miskien makliker sein as dien, mar jou de moed net op.
It liket somtiden op huzeferkeapwebsides dat der net in soad huzen foar startersprizen te keap steane. Mar de sifers litte wat oars sjen.
"It oandiel starters dat in hûs keapet, wurdt grutter. Ek yn Fryslân. Dus it slagget blykber wol."
Tip 4: Earst keapje en dan ferkeapje
Foar de minsken dy't al in hûs hawwe is it somtiden dreech om te bepalen yn watfoar folchoarder de keap en de ferkeap barre moatte. Je wolle net te lang mei dûbelde lêsten sitte, mar ek net sûnder hûs.
Foar de minsken dy't hâlde fan sa min mooglik risiko, advisearret Vos yn dizze merk earst in hûs te keapjen.
"De wenningen wurde gemiddeld sjoen gau ferkocht. As je it goed oanpakke, mei in normale priis, binne je in hûs samar kwyt. De lestichheid sit him yn it keapjen."
It helpt om noch foardat je it nije hûs keapje al tariedingen te dwaan foar de ferkeap fan it âlde hûs.
"Regelje de hypoteek en nûgje fêst in makeler út foar in petear. En lit je dan begeliede yn it keapjen fan in wenning. Dan kinne je dêrnei rap it âlde hûs ferkeapje."