Omrop Fryslân

Sportfiskers Fryslân stappe út bûn en moatte takom jier in spesjale Fryske fiskfergunning ha

Obe Veldman, foarsitter Sportvisserij Fryslân
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Fryske sportfiskers sille it takom jier dwaan moatte mei in Fryske fiskfergunning yn stee fan de nasjonale fiskpas. Sy moatte foar it fiskjen bûten Fryslân lykwols wol wer in nasjonale fiskpas hawwe.
Minsken fan bûten Fryslân moatte, as se hjir in angeltsje útsmite wolle, dan wer in Fryske fiskfergunning hawwe.
Oarsaak: de federaasje Sportvisserij Fryslân docht net mei oan de grutte fúzje fan alle sportfiskregio's om ta ien grutte lanlike sportfiskorganisaasje te kommen.
Sportfiskers Fryslân stappe út bûn
Al oardel jier wurdt der praat oer in fúzje fan de sân federaasjes, dêr't wer in grut tal angelsportferienings ûnder falle. Yn Fryslân binne dat der 25. Yn totaal binne der 45.000 leden.
We kunnen de eigenheid van Fryslân niet weggeven.
Obe Veldman fan Sportvisserij Fryslân
Foar de Fryske federaasje wie de stap te grut en boppedat fûnen se dat de fiskers yn Fryslân der hielendal net op foarút gean soene mei de fúzje.
De federaasjes soene hast gjin foech oerhâlde oer harren eigen wetters. De macht komt neffens Obe Veldman, foarsitter fan Sportvisserij Fryslân, fierstente folle sintraal te lizzen.
Neffens de foarsitter is dat net goed foar de kontakten dy't se opboud hawwe mei ferskate organisaasjes yn ús provinsje. Mei gemeenten, provinsje en wetterskippen hawwe se koarte lyntsjes. Dy soene dan hielendal kwytreitsje.
"We kunnen de eigenheid van Fryslân niet weggeven", seit Veldman.

Eigen fiskpas foar Fryslân

De stap fan Fryslân betsjut dat fan takom jier ôf Fryske sportfiskers in eigen Fryske fiskfergunning oanfreegje moatte om yn Fryslân te fiskjen, en dan in nasjonale fiskpas foar it fiskjen bûten de provinsje.
Toeristen út de rest fan it lân dy't yn Fryslân te fiskjen wolle, moatte dan ek in Fryske fergunning oanfreegje.
Dat klinkt behoarlik yngewikkeld en ferheget ek de kosten. Mar neffens Veldman wie dy situaasje yn in soad gefallen al sa.
Fiskerij
© Omrop Fryslân
De Fryske sportfiskersferiening hat yn Fryslân mear as 90 prosint fan de fiskwetters yn behear, dat is geunstich foar de fiskers. Foar Fryslân is eins mar ien fiskpas nedich. Mar yn oare parten wie it faak al nedich om lokaal ek wer in fiskpas oan te freegjen, omdat dy by in angelsportferiening hearde.
We zijn een stukje achteruit geboerd.
Obe Veldman, foarsitter Sportvisserij Fryslân, sjocht dat it net better wurden is
De Fryske federaasje woe dat feroare hawwe. Sadat elkenien mei in nasjonale pas ek oeral fiskje koe. Mar dat is net ynfierd.

Lilke reaksjes

Op it berjocht dat de Fryske federaasje ferspraat hat, komme in soad lilke reaksjes. Minsken begripe de kar fan de Friezen net en sizze dat se dêrtroch de dupe binne en mear kosten krije. En dat it foar harren dreger wurdt om bûten de provinsje te fiskjen.
Veldman begrypt dy earste reaksjes wol, mar fynt dat it beslút hiel goed út te lizzen is en dat de gefolgen tafalle.

Reaksje Sportvisserij Nederland

De Nederlânske sportvisserijorganisaasje fynt it spitich dat de Fryske federaasje net meidocht yn de fúzje.
Neffens Ruben Dil fan de organisaasje wie it krekt de bedoeling om mei de fúzje mear gelikensens te krijen mei de vfiskpas en hâlde de regio's genôch eigen foech.
"We betreuren het dat de fusie op dit moment te vroeg is voor de Friese Sportvisserij." De partijen bliuwe yn petear en de hoop is dan ek dat Fryslân op termyn wol oanslute sil.
Hy hopet lykwols dat de gearwurking mei Sportvisserij Nederland net hielendal ferlern giet. Hy hopet dat der praat wurde kin oer hoe't it foar elkenien dochs wurkber is en de sportfiskers op in goeie wize harren passy útfiere kinne.
Ek slute se net út dat der letter wol wer oansluting socht wurdt mei de lanlike sportfiskers.
Dat it der net better op wurden is, jout Veldman dan ek ta. "We zijn een stukje achteruit geboerd. Dat is spijtig en dat hebben wij ook nooit gewild."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.