Omrop Fryslân

Oanlis fiskmigraasjerivier Ofslútdyk giet troch: "Echt in unyk projekt yn 'e wrâld"

De fiskmigraasjerivier fan boppen besjoen
© Omrop Fryslân
De ekstra trettjin miljoen euro dy't nedich is om in fiskmigraasjerivier troch de Ofslútdyk ôf te meitsjen, is regele.
It jild komt fan it Waddenfonds, it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissens en Natuer, en de Postcodeloterij.
De ministearjes en it Waddenfonds komme elts mei rûchwei seis miljoen euro, sa befêstiget de provinsje Fryslân. Mei dat ekstra jild moatte allinnich noch de saneamde kronkelrivier en in 'ôfslútmiddel' oan de Iselmarkant oanlein wurde.
It ekstra jild is nedich omdat it sân foar dy kronkelrivier net op tiid beskikber wie. It moast út de fargeulferdjipping Koarnwertersân-Urk komme.
Dêrneist binne de boukosten yn it algemien flink omheech gien. Underoan de streek kostet it projekt no 80 miljoen euro.

Jild fan Holwerd aan Zee

De bydrage fan it Ryk komt út de saneamde Programmatische Aanpak Grote Wateren. It bedrach wie earder reservearre foar it projekt Holwerd aan Zee, mar in wichtich part fan dy plannnen giet net troch.
"Dat jild bliuwt no beskikber foar de regio", seit ferantwurdlik deputearre Matthijs de Vries. Woansdeitemiddei is in brief nei Provinsjale Steaten gien mei it nijs dat de finansiering foar de fiskmigraasjerivier rûn is.
"Wy binne hiel bliid mei it feit dat it jild der no is en dat wy fierder kinne mei de definitive realisaasje fan de fiskmigraasjerivier; echt in unyk projekt yn 'e wrâld", seit De Vries.

Fetraging

It projekt rûn earder al twa jier fertraging op. Dêr komt no noch wat by, want yn stee fan ein 2026 moatte de earste fisken no begjin 2027 troch de rivier swimme.
Neffens De Vries soarget dat op dit stuit gjin problemen mei de subsydzjeterminen. "It is moai dat it bedrach der no al is. Twa, trije moannen lyn hiene wy noch in tekoart fan 13 miljoen euro, dat is no oplost. Dêrtroch kinne wy no echt hurd troch."
Wat is de fiskmigraasjerivier?
Omdat it de earste fiskmigraasjerivier fan 'e wrâld is, erkent de provinsje it risiko's meibringt: wurket it aanst wol allegear? No't it jild der is, wurdt it yn elts gefal gjin útklaaide ferzje, seit De Vries mei klam: "Wy kinne it no echt realisearje sa't it idee wie."
Op de fraach oft dat betsjut dat de kronkelrivier sa'n fjouwer kilometer lang bliuwt en 24 oeren deis funksjonearret, antwurdet De Vries ynstimmend. "Krekt as yn de oarspronklike plannen."

Saakkundigen oertsjûge fan wurking

Hoe't de fisken aanst presys gebrûk meitsje sille fan de foarsjenning is noch wol in punt fan oandacht. Guon fisksoarten binne sterke swimmers dy't goed mei streamend wetter omgean kinne, wylst de glêsiel bygelyks folle swakker is.
Dat bliuwt in risiko, mar sawol de ynhierde saakkundigen as eksterne eksperts binne derfan oertsjûge dat de foarsjenning wurkje sil.
It 'gat' yn de dyk oan de Iselmarkant
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op 'e fraach oft it kloppet dat der 40 miljoen euro werombetelle wurde moat as de foarsjenning net wurket of net oanlein wurdt, seit De Vries: "Der binne partijen, lykas it Waddenfonds, dy't it jild beskikber steld hawwe ûnder de betingst dat it projekt echt realisearre wurdt. Dat is in ynkalkulearre risiko."
Dêrom wie de opdracht hiel dúdlik: "Dat jild moat der komme!"
De Vries ferfolget: "No't it jild der is, seit eltsenien, ek amtlik, dat wy it realisearje kinne en dat it begjin 2027 iepen kin. It risiko dat it jild mooglik weromfrege wurdt - en dêr kinne wy dan letter noch oer prate - leit der pas ein 2027 foar it earst."
"Wy binne no wis dat de rivier der komt; in prachtich projekt om nei te sjen foar minsken. Wy moatte it noch wol ynregelje, mar it is dan al iepen en dan kinne wy oan 'e slach."

Gearwurking mei oannimmer

In belangrike faktor om fierdere risiko's en it oerskrieden fan kosten foar te kommen, is in goede gearwurking mei de oannimmer. Yn dit gefal Boskalis.
De ferhâldingen tusken de provinsje en Boskalis kamen earder al flink ûnder spanning troch tsjinslaggen. "Yn elts goed houlik is wolris wat. Sa sjoch ik dit ek. Mar op dit stuit is ús gearwurking mei Boskalis hiel konstruktyf", beslút de deputearre.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.