Omrop Fryslân

Undersikers ferbjustere: noch nea sa folle mokselbanken op it Waad

Sander Glorius fan Wageningen Marine Research op in nije mokselbank
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Noch nea hawwe ûndersikers sa folle nije mokselbanken sjoen op drûchfallende Waadplaten as no. "Dit is hiel bysûnder. Gjinien yn Nederlân hat dit sjoen yn syn libben", seit Karin Troost fan Wageningen Marine Research, dat al hiel lang ûndersyk docht nei moksels en oare skulpdieren.
Yn de simmer fan ferline jier wie der al in spektakulêre oanwaaks fan jonge moksels, mar de kâns dat dêr wat fan oerbliuwt nei in winter- en stoarmseizoen, is gewoanwei net hiel grut.
Sadwaande leauden ûndersikers fan Wageningen Marine Research hast net wat sy seagen doe't sy harren jierlikse ynventarisaasje dienen fan moksels op dy drûchfallende Waadplaten.

Satellytbylden

"Wy ha in hiel soad satellytbylden brûkt, want dêr kinst se ek hiel goed op lizzen sjen. En op basis dêrfan rûze wy no dat der sântûzen bunder oan mokselbanken leit. En dat is echt in hiel soad, want wy ha nea mear sjoen as fjouwertûzen." Dat wie ein jierren santich.
Hoe folle moksels op it Waad hawwe de winter oerlibbe?
Troost jout wol in winstwarskôging: "It kin ek betsjutte dat der mooglik mar twatûzen bunder fan dy nije mokselbanken op stabile plakjes leit en dat wy de rest de kommende jierren wer ferdwinen sjogge."
Wis is dat lykwols net, want mokselbanken kinne dy stabile plakken ek sels meitsje.
Har kollega by Wageningen Marine Research, Sander Glorius, rint oer in nije mokselbank tusken Skiermûntseach en Lauwerseach. Hy trapet in bakje de mokselbank yn en hellet dêr de skulpen út dy't er letter skjinmakket yn see. Hy folget op dizze manier, mar ek mei drones, de ûntwikkeling fan sokke soarte mokselbanken.

"Nog geen pokken"

Glorius hâldt in klomp fan oaninoar fêstsittende moksels omheech. "Kijk, dit zijn nog jonkies. Deze zijn hier vorig jaar gevallen en er zitten nog geen pokken op. Een jonge bank, maar wel aan elkaar vastklittend."
"Er zijn er ook heel veel dood, maar dat geeft ook weer stabiliteit", seit Glorius. "De meeste schelpen overleven het niet. Maar degenen die wel naar boven weten te klimmen, kunnen doorgroeien."
Karin Troost fan Wageningen Marine Research
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Mokselbanken soargje foar hichteferskillen yn it Waad; se kinne oardel meter hege bulten foarmje. Glorius: "Dat levert waarschijnlijk ook weer wat stabiliteit op, want onder die bulten zitten allemaal laagjes schelpen die stevigheid bieden en waardoor water kan wegvloeien."
"Je ziet zo door de tijd zo'n bank ook veranderen", leit er út. "Veel jonge banken verdwijnen dus en zijn kwetsbaar. Maar ze kunnen heel stabiel zijn als ze een aantal jaren doorkomen en die bulten worden gevormd."
Skulpbiste-ûndersikers freegje harren no wol ôf wêrom't der ynienen sa folle jonge moksels binne.
Foar de strânljip is dit in enoarme meifaller.
Karin Troost, Wageningen Marine Research
"Dat is eins altiten hiel dreech om te witten fan wêr at dat no troch komt", seit Troost. "Wat der allegearre mei de moksellarven bart foardat it in bank wurdt, lit him hiel dreech ûndersykje. Mar yn dit gefal ha wy der wol wat ideeën oer."

"Garnalen, krabben en jonge fiskjes"

Ien fan de wichtichste ynfloeden op dit soarte fan ferskynsels is predaasje, dus rôfbisten, fertelt Troost.
"Dat hiele jonge mokselsied is noch lytser as in milimeter en wurdt gewoanwei massaal opfretten troch garnalen, krabben en jonge fiskjes. Dêrfan binne garnalen de grutste predatoaren, mar dêrfan binne der no net in hiel soad."
Tagelyk wurket in mokselbank ek as in soarte fan rif dêr't dy lytse fiskjes, garnalen en krabben yn skûlje kinne as 'oäzen yn in sânwoestyn'.
En omdat it Waad troch wyn en streaming sa rap en bot feroarje kin, bliuwt it faak by in relatyf lyts oantal opportunistyske soarten dy't hjir sa fan profitearje kinne.
Oars as by bygelyks in tropysk koraalrif dêr't gewoanwei folle mear soarten fan profitearje.

Fûgels

Foar guon fûgelsoarten komt dizze 'mokselweelde' wol hiel goed út, sa makket Troost dúdlik.
"In hiele wichtige is de strânljip. Dy hat it de ôfrûne jierren mooglik ek wol wat dreger hân omdat it sa min gong mei de kokkels. Dus, foar de strânljip is dit in enoarme meifaller."

Seelân

No ite wy minsken ek moksels en in hiel grut part fan wat der yn Seelân opkweekt wurdt, is ea troch dy Siuwske fiskers út de Waadsee helle.
"Sy meie yn it westlik part fan de Waadsee fiskje yn gebieten dy't nea drûchfalle. Dêr seagen wy ferline hjerst ek in hiele spektakulêre 'zaadval', mar dêr is nei de winter folle minder fan oerbleaun. Sy ha dêr de ôfrûne maitiid wol moai fan fiskje kinnen, mar net in útsûnderlik soad."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.