Waadnatuer ûnder druk: "Nog nooit eerder waargenomen veranderingen"

WaadTernaardAmelan
It Waad tusken Ternaard en Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trekfûgels dy't hjir gjin garânsje mear ha op fretten, seestjerren dy't moksels opite en waadwjirms dy't hielendal driigje te ferdwinen. It binne gefolgen fan de klimaatferoaring op it Waad, stiet yn in ynternasjonaal rapport dat hjoed ferskynd is.
Wat de klimaatferoaring docht mei de Waadsee, hakt der behoarlik yn, stiet yn it 'quality status report' dat skreaun is troch Waadûndersikers út Nederlân, Dútslân en Denemarken. Undersikers fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) sjogge saken feroarje dy't se noch noait earder sjoen ha.
It lêste rapport wie fan 2017 en sûnt dy tiid is der flink wat feroare, fertelt NIOZ-ûndersiker Katja Philippart. Sy is de haadskriuwer fan it rapport en direkteur fan de Waadakademy. "We zijn getuige geweest van nog nooit eerder waargenomen veranderingen, waaronder de eerste massale kokkelsterfte in de zomer van 2018, een bijna halvering van de toevoer van rivierwater en een versnelling van zeespiegelstijging met bijna 60%."
Professor Katja Philippart, direkteur fan de Waadakademy
Katja Philippart © Omrop Fryslân
Oplossingen binne der net samar, seit se. "Het zoeken naar mogelijkheden om het ecosysteem meer tijd te geven om zich aan te passen is dé grote uitdaging voor iedereen die betrokken is bij monitoring, onderzoek, beleid en beheer van de Waddenzee."
Foar dat ûndersyk stiet no in nij ûndersyksskip op Teksel. It skip is boud yn Harns en hat de namme Wim Wolff krigen. "Het is belangrijk om een flexibel werkstation te hebben dat aan alle wensen tegemoetkomt voor alle metingen die worden gedaan", seit projektlieder Aarnoud van de Burgt fan it NIOZ.
Nij ûndersyksskip moat feroaringen op it Waad yn kaart bringe
"Daarvoor hebben we een schip met een hele lage diepgang. Dat had het vorige schip de Navicula ook al, maar dat hebben we kunnen behouden. Ook al is het veel groter."
En it skip biedt mear, fertelt er: "We kunnen meer opstappers aan boord nemen. We hebben nu vier bemanningsleden, wat betekent dat we twaalf wetenschappers mee kunnen nemen. Bovendien hebben we veel meer dekruimte, waardoor we meer laboratoria in containers mee kunnen nemen die we flexibel in kunnen zetten per project."
Dêrneist is der in ferskaat oan kranen, wêrtroch't de ûndersikers mear ark ynsette kinne. Der is ek in platfoarm boppe-op om fûgels te folgjen. Al dy ekstra mooglikheden binne nedich om alle feroaringen goed yn kaart te bringen.

Gefaar foar skulp, waadwjirm en trekfûgel

Troch de opwaarming fan it seewetter yn in ûndjippe see lykas de Waadsee komme soarten dy't fan kâld wetter hâlde ûnder druk te stean. De lytse seachbek - dat is in lyts skulpke - nimt yn oantal ôf en de waadwjirm driget hielendal út de Nederlânske kustwetters te ferdwinen. En eksoatyske skulpen nimme ta.
It nije ûndersyksskip is neamd nei Wim Wolff, dy't troch it NIOZ de nestor fan it ekologysk ûndersyk op de Waadsee neamd wurdt. Hy wie ien fan de minsken dy't derfoar soarge hat dat de Waadsee de status fan UNESCO Wrâlderfgoed krigen hat. Wolff ferstoar yn 2018.
Boppedat ha trekfûgels gjin garânsje mear op fretten op it Waad op de mominten dat se dat it hurdst nedich ha. Wat dat oanbelanget is de omheech kommen fan de seespegel ek in probleem foar in hiel soad fûgels: nei 2030 ferdwine Waadplaten by Flylân foar altyd ûnder wetter, sa is no de ferwachting. Sa'n plak giet dan ferlern foar in soad fûgels om te iten.
waadplaat
Waadplaten by It Amelân © Bert Meerstra
Troch de hite simmers komt der ek hieltyd minder swiet wetter de Waadsee op. En krekt die oergong fan swiet nei sâlt wetter is sa wichtich foar it libben ûnder en boppe wetter. Trekfisken brûke dat swiete wetter as gids rjochting paaigebieten. En swiet of brak wetter hâldt seestjerren op ôfstân. As dat net mear slagget, wurde folsleine mokselbanken opiten troch dy seestjerren.
Planten en dieren kunnen in principe meebewegen, maar niet als de verandering harder gaat dan dat aanpassingsvermogen.
Professor Katja Philippart
Mar der bedarje ek minder swietwetteralgen yn de Waadsee en dêrmei is der minder fretten foar skulpen. Dat soe wolris ien fan de oarsaken wêze kinne fan de grutskalige kokkelstjerte yn waarm en drûch waar. Dat barde yn trije fan de ôfrûne seis simmers.
"Al deze klimaatgevolgen baren mij stuk voor stuk zorgen", seit Philippart. "Maar mijn grootste zorg is de nog nooit eerder vertoonde snelheid waarmee de veranderingen plaatsvinden. Planten en dieren kunnen in principe meebewegen, maar niet als de verandering harder gaat dan dat aanpassingsvermogen."