Klaas knapt garnalekotter op yn ûnwisse tiid foar de fiskerij: "Wat moat ik oars?"
In garnalekotter keapje, strippe en hielendal opknappe om der aanst wer mei de see op te gean. It is de útdaging dy't Klaas van Dellen út Eanjum oangien is, yn in tiid dat de garnalefiskerij it swier hat.
Mei famylje en freonen wurket Van Dellen dei yn, dei út oan it skip, sadat it ynkoarten wer ynsetber is foar de fiskerij.
It skip dat Van Dellen opknapt is in grutter skip as dat er hie. De kotter moat net allinnich geskikt makke wurde foar it fiskjen nei garnalen, mar ek nei inketfisk.
"Dit skip hat mear lûkkrêft wêrtroch't wy mei minder waar better út de fuotten kinne", fertelt er.
Mar der moat noch wol wat oan gebeure. "Wy hawwe striele, laske en in nije ferwurkingsline pleatst", seit Van Dellen. "Noch in wike wurk en dan is de technyske steat wer hûndert prosint."
Van Dellen hoecht it gelokkich allegear net allinnich te dwaan. Syn heit, soan en in pear maten helpe mei.
Garnalefiskerij
Ienkear klear, moat er it wetter wer op om te fiskjen. It is in bedriuwstak dy't de lêste jierren mear en mear ûnder druk te stean kommen is. "Mei regels, wetten, sletten gebieten en wynmûnen is it net maklik." Dochs giet er de útdaging oan. "Ik haw dochs in kotter kocht, want wat moat ik oars?"
Kammeraat Johannes Sliep is krekt fan skoalle, wurket mei oan de kotter en sil aanst mei Van Dellen it wetter op. "Mei us twaen fuort, dat fyn ik wol moai, dat is better as elke jûn thússitte op de bank."
"Ik hoopje dat er goed wurket en dat wy in moaie bult fertsjinje."