Omrop Fryslân

Garnalefisker Pieter is bliid mei takomstperspektyf: "Fiskerman is gjin krimineel"

Garnalefisker Pieter Wouda fan Starum
© Omrop Fryslân
It is freedtemiddei. Yn 'e haven fan Starum lizze seis garnalekotters. Nei fjouwer dagen op see is op elk fan 'e skippen wol wat te dwaan. Netten neisjen, de motor smarre, lytse reparaasjes útfiere.
It is gewoanste saak fan 'e wrâld foar Pieter Wouda.
Hy stiet op syn kotter ST20 en sjocht it tafriel mei in laits op it gesicht oan. De garnalefiskerij op Starum, besteande út dy seis kotters, is mei rjocht in famyljebedriuw te neamen.
Wouda hat trije soannen, dy't allegear in eigen kotter hawwe. En de oare twa kotters? In broer fan Wouda en de soan fan syn broer.

Fergunning foar 20,5 jier

Garnalefiskers krigen ferline wike in natuerfergunning oant 2045 foar it fiskjen yn Natura 2000-gebieten lykas de Waadsee en de Noardseekust. Dy giet op 1 july yn.
De ferwachting is dat de garnalefloat de kommende jierren krimpe sil troch in útkeapregeling. Ek hawwe de fiskers 10 persint fan harren fiskoeren ynlevere.
Wouda is nei eigen sizzen 'de sânde generaasje Pieter Wouda dy't op garnalen fisket'.
Hy is ferromme dat steatssekretaris Jean Rummenie (BBB) ferline wike in nije natuerfergunning foar de garnalefiskerij yn Nederlân oankundige.
De eardere fergunning rûn op 1 jannewaris 2023 ôf.
De ST20 fan Pieter Wouda yn de haven fan Starum
© Omrop Fryslân
Yn 'e tuskentiid hat Wouda in soad ynvestearringen dien om ûnder oare in spesjale katalysator yn te bouwen op syn kotter.
Dêrmei is syn stikstofútstjit ôfnaam. Troch it útbliuwen fan in nije fergunning wie dat in flink finansjeel risiko foar Wouda.

Takomstperspektyf

Oan board fan 'e ST20, de Auke Senior, docht er syn ferhaal.
Neffens Wouda hat de sektor, mei tank oan Rummenie, wer takomstperspektyf krigen.
"Dit is benammen foar de jongere generaasje fiskers hiel belangryk", sa begjint Wouda. "De jongerein moat nei de bank om jild foar ynvestearringen. Mar dy bank wol ek takomstperspektyf, oars sjogge se dy oankommen."
De fiskerman is gjin krimineel dy't de see leechrôvet.
Garnalefisker Pieter Wouda fan Starum
"Myn tiid sil it allegear wol duorje, mar myn bern wolle ek de kommende 20 of 30 jier noch fiskje kinne."

Ferset

It is net ien en al joechei nei it ôfjaan fan de nije fergunning.
De Waddenvereniging, Stichting De Noordzee, Natuurmonumenten en Vogelbescherming Nederland stapten yn april út in lanlik oerlis oer de nije fergunning.
Pieter Wouda yn 'e stjoerhut fan syn kotter
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Dat hie benammen te krijen mei de lingte fan de fergunning: 20,5 jier jier. Wouda begrypt dêr neat fan.

Waddenvereniging stapt nei de rjochter

De Waddenvereniging hat oankundige nei de rjochter te stappen om 'e fergunning oan te fjochtsjen.
"Noodgedwongen, maar we kunnen niet anders", seit Wouter van der Heij fan de feriening.
"In het verleden hebben we altijd afspraken met de sector kunnen maken. Maar terwijl we nog in gesprek waren met elkaar heeft het ministerie deze vergunning voor deze periode verleend. Dat vinden we zeer teleurstellend."
"We wiene der foar 95 persint út", seit Wouda skodholjend.
"We leverje noch wer tsien persint fan ús fiskoeren yn, tritich persint fan 'e float hâldt al op. We leverje fiskgebieten yn en noch is it net genôch."
"It is krekt in stel lytse bern dat har sin net krijt. It is as moat de fiskerij folslein ferdwine."
De garnalekotter fan Wouda
© Omrop Fryslân
"Wy fisken al op it Waad doe't dy beide klups noch net bestiene. No easkje sy de Waadsee op. Wy hawwe tegearre mei de natuer altyd yn de Waadsee fiske, en no sizze sy dat wy fuort moatte. Dêr haw ik wol muoite mei."
"We dogge der alles oan. Wy kinne best tegeare mei dy natuer op it Waad. Oars wie it Waad dochs al lang leechfiske?"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.