Nije natuerfergunning garnalefiskers 'moat fan tafel'
De Waddenvereniging, stichting de Noordzee, Natuurmonumenten en Vogelbescherming Nederlân stappe út in lanlik oerlis oer it duorsumer fiskjen op garnalen yn ûnder oare de Waadsee. Dêr is al moannen oer praten mei de Vissersbond en it ministearje fan LVVN.
Brekpunt is de oanfraach foar in nije natuerfergunning dêr't it ministearje grien ljocht foar jaan wol.
Natuerfergunning
Om te fisken yn Natura 2000 gebieten lykas de Waad- en de Noardsee, is in natuerfergunning nedich. Sûnt 1 jannewaris 2023 ha de garnalefiskers dy net mear, mar wurdt it fiskjen troch de fingers sjoen. Dat gedogen hâldt op 1 juny dit jier op. Dus moat der tsjin dy tiid in nije natuerfergunning lizze. Oer de betingsten wêr ûnder dat kin, ferskille de mienings nochal.
Benammen it feit dat dy fergunning tweintich-en-in-heal jier jildich is, wie in komplete ferrassing foar de natuerfertsjintwurdigers. "Daar hebben we niet over gesproken en daarnaast staan er wat ons betreft onvoldoende zekerheden in voor de natuur", seit Jorien Bakker fan Natuurmonumenten.
Dus riede sy harren ta op juridyske stappen. "De natuurpartijen hadden al veel eerder een juridische procedure gestart. Dat idee is niet nu opeens omhoog komen borrelen", sa lit de Vissersbond as fertsjintwurdiger fan de garnalenfiskers yn it skriftlike reaksje witte. It bûn fynt it wol spitich dat sy út it oerlis stappe.
Falsk perspektyf
De vissersbond sprekt ek tsjin dat de lange jildichheid fan de fergunning in ferrassing wie: "De afspraken over een langjarige vergunning zijn samen met LVVN, de natuurvertegenwoordigers en de sector gemaakt. Dat mag dus géén verassing voor ze zijn."
Neffens Bakker is in fergunning fan tsien jier by de petearen wol oan bod kaam, mar hat it foarstel fan mear as tweintich jier nea op tafel lein.
Natuurlijk wil je weten waar je aan toe bent. Daarom waren we ook zo lang met elkaar in gesprek.
Dat it benammen foar jonge garnalefiskers wichtich is dat sy foar lange tiid witte wêr't sy oan ta binne, begripe sy by Natuurmonumenten ek: "Natuurlijk wil je weten waar je aan toe bent. Daarom waren we ook zo lang met elkaar in gesprek."
De steatssekretaris wekket neffens de organisaasje in falsk perspektyf by de fiskers, omdat it neffens harren noch mar de fraach is oft de fergunning oan de Europeeske regels foar natuerbeskerming foldocht.
"De garnalenvisserij in zijn huidige vorm heeft een negatief effect op de zeebodem, verstoort vogels, zorgt voor overbevissen en teveel bijvangst. Dat is wetenschappelijk aangetoond", fertelt Bakker.
Neffens har moat de nije fergunning folle mear dúdlikheid jaan oer wêr't der fiske wurdt, wannear't der fiske wurdt en hoe't de fersteuring fan de natuer fermindere wurdt.
'Niet werkbaar'
In takomst foar de garnalefiskerij, dy is der neffens de natuerorganisaasjes absolút noch: "Maar dat er zomaar ineens een vergunning voor twintig-en-een-half jaar ligt zonder goede voorwaarden, vinden we gewoon niet werkbaar", seit Bakker.
Dizze fergunning "moet eerst van tafel" foardat der wer praten wurde kin.