Nije hoop foar garnalefiskers; ministearje set yn op fergunning oant 2045
Garnalefiskers krije, as it oan steatssekretaris Jean Rummenie leit, dit jier noch in natuerfergunning foar it fiskjen yn Natura 2000-gebieten lykas de Waadsee en de Noardseekust.
Dat hat it ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer moandei bekendmakke.
It giet om in ûntwerpbeslút dêr't noch op ynsprutsen wurde kin. Hielendal definityf is de fergunning dus noch net.
De âlde natuerfergunning rûn fan 2016 oant 1 jannewaris 2023. Fan dy tiid ôf is de garnalefiskerij gedoogd, mar dat rint op 1 july dit jier ôf.
Yn hiel Nederlân binne neffens sifers fan ferline jier sa'n hûnderdfyftich garnalefiskers aktyf.
By Fryske en Grinslanner fiskers giet it meastentiids om relatyf lytsskalige bedriuwen. Lauwerseach en Harns binne foar harren de wichtichste oanfierhavens.
Dat de garnalefiskers op in fergunning wachtsje moasten, hat twa oarsaken. De earste is dat de fiskers oan stikstofregels foldwaan moatte.
Foar in part hawwe fiskers, mei subsydzje, katalysatoaren ynboud om de stikstofútstjit te beheinen. Foar alle garnalefiskers is no fêstlein hoe't sy mei de stikstofbeheinings omgean moatte.
Beswieren
In oar probleem wiene beswieren fan natuerbehearder Rijkswaterstaat en natuerbeskermers lykas de Waddenvereniging.
Dêrby gie it benammen om skea op guon plakken op it Waad oan de ûnderwetternatuer, trochdat mei klossen oer de boaiem fiske wurdt. Boppedat soe mear fiske wurde as de natuer oan kin.
De sektor sels hat earder oanbean om fyftich skippen te sanearjen om de druk fan de fiskerij te beheinen. Dat is no opnaam yn de nije fergunning.
De gefolgen fan de fiskerij foar de boaiemnatuer binne mar hiel beheind en tydlik, sa stiet yn de saneamde 'passende beoordeling' dy't de garnalefiskers by harren fergunningsoanfraach ynlevere ha.
Steatssekretaris Rummenie jout de sektor dêr gelyk yn.
Black box
Yn de fergunning binne foar in grut part besteande beheinings opnaam. Bygelyks as it giet om hoefolle oeren fiske wurdt en wêr krekt.
Earder is besocht om it tafersjoch op wêr't fiske wurdt te regeljen middels in saneamde 'black box'. Dy jout op it skip de posysje en aktiviteit troch.
Dat wurke doedestiids net, mar kriget nei in praktyfproef no in twadde kâns.
Tweintich jier
Opfallend is dat de fergunning ôfjûn wurdt oant en mei 31 desimber 2045. De foarige fergunning wie mar seis jier jildich.
Dat, en it feit dat de ynhâldlike beswieren tsjin de fiskerij net oernaam binne, makket de kâns grut dat natuerbeskermers beswier meitsje tsjin dizze fergunning.
Net om de hiele fiskerij te kearen, mar om it passend te meitsjen by wat de Waadsee neffens harren ha kin.