Minister Van der Wal slacht efterdoarke ticht tsjin it fiskjen op spjirring yn spuikommen

Demisjonêr minister Christianne van der Wal
Demisjonêr minister Christianne van der Wal © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Garnalenfiskers meie net mear fiskje yn de spuikommen fan de slûzen by Koarnwertersân en Den Oever. Minister Van der Wal hat in juridysk efterdoarke tichtslein om de spjirring te beskermjen.
De maatregel moat foarkomme dat fiskers op spjirring fiskje yn spuikommen, dat binne bassins dy't yn ferbining steane mei in seehaven fia in spuislûs.
In oantal fiskers fiske dêr wol op spjirring, wylst de fergunning foar de spjirringfiskerij ferline jier troch de rjochter skrast waard.
In fisker yn de spuikom fan Koarnwertersân
In fisker yn de spuikom fan Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Troch mei garnalenetten te fiskjen en de spjirring as byfangst oan lân te bringen, fûnen de belutsen garnalenfiskers juridysk in metoade wêrmei't se der mei wei kamen.
Al konstatearre demisjonêr minister Piet Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit earder yn in Keamerbrief dat de fiskers eins gewoan út wiene op spjirring.
De garnalenfiskers dogge harren wurk yn de Waad- en Noardsee no ûnder in ynskewielbeskikking. It wurdt troch de fingers sjoen omdat der noch gjin natuerwetfergunning is.

Juridysk geitepaadsje

Minister Van der Wal hat no de spuikommen fan de beide slûzen út dy beskikking helle, lit in wurdfierder fan it ministearje witte. In garnalekotter mei dêr dus net mear op 'garnalen' fiskje.
Dizze maatregel moat de juridyske 'fynst' wêrmei't der oant no ta op spjjirring fiske is de pas ôfsnije.
In spjirring
In spjirring © Shutterstock.com (Ajstudio Photography)
Dêrmei jout it ek de Waddenunit as tafersjochhâlder fan it ministearje de kâns jaan om op te treden as der dochs fiske wurdt. Der binne twangsommen yn it foarútsicht steld as fiskers dat wol dogge.

Komkommerfisken

Dat de rjochter him earder tsjin in fergunning foar spjirringfiskerij útspruts, wie nei beswieren fan benammen Vogelbescherming Nederland.
De fisken rûke nei komkommer en se binne wichtich fretten foar guon fûgelsoarten en der binne te min fan.
In part fan de spjirring lûkt eltse maitiid fan see nei de Iselmar ta. De kommen oan de Waadseekant by de spuislûzen binne plakken dêr't se harren sammelje.