Garnalefiskers smeekje om fergunning: "Noch gjin dúdlikheid oft we fierder meie"
As it oan steatssekretaris Jean Rummenie leit, kinne garnalefiskers aanst mei in nije fergunning fiskje op de Waadsee en by de Noardseekust. Dochs sitte de fiskers noch mei in soad fragen.
De flagge hinget noch net út by it kantoar fan de Nederlandse Vissersbond op Urk. Dêr hearsket noch altyd in soad ûnwissichheid oer it plan fan de steatssekretaris.
"Dat we it rûn krije, is noch net hielendal wis", leit foarsitter Johan Nooitgedagt út.
Want definityf is de fergunning noch net, it is in ûntwerpbeslút dêr't noch op ynsprutsen wurde kin.
"We wurkje al jierren oan de fergunning. Der binne in soad problemen dy't we oplosse moatte om dy te krijen."
Fiskje sûnder fergunning
Om yn Natura 2000-gebieten lykas de Waadsee en Noardseekust te fiskjen, hawwe de garnalenfiskers in fergunning nedich.
De alde natuerfergunning rûn fan 2016 oant 1 jannewaris fan 2023. Sûnt dy tiid wurdt de garnalenfiskerij yn by gebieten troch de fingers sjoen. Mar dat rint op 1 july dit jier ek ôf.
Ien fan de problemen dêr't de fiskers tsjinoan rinne is stikstof: de sektor hat te krijen mei beheiningen as it giet om de útstjit dêrfan.
In part fan de fiskers hat, mei subsydzje, in katalysator ynbouwe litten om sa minder stikstof út te stjitten.
Hoe't de problemen mei stikstof yn de takomst oplost wurde moatte, is noch net hielendal dúdlik. It fiskersbûn har dêroer opheldering frege by it ministearje.
Mear as 20 jier
Dat de perioade fan talitte stadichoan ôfrint, docht in soad mei de garnalenfiskers, fertelt Nooitgedagt.
"Do bist ûndernimmer, mar hast noch gjin dúdlikheid ofst wol fierder meist."
Fiskers moatte de wissichheid hawwe dat se fierder kinne.
Want dúdlikheid, dêr is bot ferlet fan. Benammen by jonge fiskers. Dêrom is in fergunning foar mear as 20 jier oanfrege. Dy moat jilde oant en mei 31 desimber 2045.
Dat is in stik langer as de eardere fergunning, dy't 'mar' foar seis jier jildich wie.
"Fiskers moatte de wissichheid hawwe dat se fierder kinne, want it giet úteinlik oer it trochsetten fan in famyljebedriuw."
Natuerorganisaasjes
Foar de fiskers is dus noch in soad ûndúdlik, mar dat jildt ek foar natuerorganisaasjes, lykas de Waadferiening. Sy wolle earst mear útlis fan ûnder oare it ministearje hawwe, foardat sy in reaksje jouwe.