Alvestêdewinneres moat no dosearje: "Ik kin it stadichoan in plak jaan"
It is al hast 30 jier lyn, mar Klasina Seinstra tinkt noch geregeld werom oan 4 jannewaris 1997.
It wie de dei dat se as earste frou oer de streek kaam op de Bonkefeart. Tegearre mei Henk Angenent wie se de winner fan de 15e Alvestêdetocht. "It fielt einliks as de dei fan juster."
Miljoenen minsken seagen hoe't Seinstra krekt foar de finish har tsjinstanner Gretha Smit foarby ride en earste waard. As se der oan werom tinkt, komme de emoasjes wer boppe.
"Omdat it sa moai wie" fertelt se, mei in brok yn 'e kiel. "Ik hie besletten te genietsjen, en omdat ik sa genoaten ha en omdat ik safolle meinaam ha fan ûnderweis, tink ik dat ik it noch sa goed wit."
De motorrider fleach it reid yn
Se wit noch in hiel soad details. Fan it wachtsjen yn de koai yn it FEC, fan it riden troch it inketswarte tsjuster op de Sleatemer Mar, fan de grutte skuor op de Blikfeart, fan oeral it lawaai fan dy entûsjaste minsken. En fan de lêste kilometers foar de finish.
Gretha Smit wie har grutte rivaal. Tegearre riden se fan Aldstjerk nei de Bonkefeart. Smit ride op kop en woe dat Seinstra foarop ride soe. Mar dy woe dêr net oan.
It waard in taktysk spultsje. "Op in gegeven momint riden we hast sur place oer it iis", fertelt Seinstra.
It wie it spannendste stik fan de hiele tocht, mar allinnich de minsken oan de kant ha it sjoen. De motorrider, mei efterop de kameraman dy't it filmje soe, fleach it reid yn en dus waarden der gjin bylden makke. Spitich. Seinstra hie it noch wolris werom sjen wollen.
As pjut it iis al op
Op de dei fan de Alvestêdetocht wie Seinstra al hast 10 jier maratonrydster. Mar it iis luts har al doe't se noch mar 3,5 jier âld wie.
Se wenne mei har âlden en trije âldere susters yn in lyts arbeiderswenninkje oan de Wyngaerden yn Lukswâld. Oan de oare kant fan de dyk wie in grutte sleat dêr't har sussen op riden.
Doe't dy nei skoalle wiene luts lytse Sientje har mem oan de rok: ik wol ek! Mem joech ta.
De learskes giene oan, de houtsjes waarden pakt en by mem op de rêch tôgen se de dyk oer. En sa sette Sientje de earste streken op it iis, whylst mem har oan de kapusjon beethâlde.
De leafde foar it iis is nea wer fuort gien.
Se gie op hurdriden, kaam letter yn de Fryske reedrydseleksje en doe't se dêr te âld foar wie hat se it maraton riden oppakt. En doe kaam dus dy Alvestêdetocht.
Seinstra wie op dat stuit 28 jier en hie al jierren ûnderfining as maratonrider. Se wie, yn har eigen wurden, 'retefanatyk'."Ik bin yn foarm en ik gean foar de winst, ik wie der klear foar!" De rest is skiednis.
Wat een klein kruisje, moet je daar nu 200 kilometer voor schaatsen?
Pas letter die bliken dat Seinstra yn ferwachting wie fan har soan doe't se de Alvestêdetocht wûn.
Har soan Tom hat letter, by it 100-jierrich bestean fan de Alvestêdetocht, wol grapke dat hy de jongste is dy't de tocht riden hat, mar dat hy gjin krúske hat.
Fan in húshâlding út Ljouwert hat hy doe in krúske krigen, fan in dielnimmer fan de Tocht fan 1954. Beide krúskes lizze moai neist inoar yn in doaske.
It doaske giet faak mei as Klasina in lêzing jout oer de tocht.
"Dan bin ik op in skoalle, en dan sizze de bern faak: "Wat een klein kruisje, moet je daar nu 200 kilometer voor schaatsen?" laket se.
Finish
Dat iene momint, dat Seinstra as earste oer de finish kaam op de Bonkefeart, hat bepalend west foar de rest fan har libben, en dat fynt se noch altyd hartstikke moai.
"Ik ha safolle minsken kinnen leard, ik ha oeral west, do krigest der wol in riker libben fan."
En dan de Alvestêdereünys yn it Reedrydmuseum yn Hylpen. Se kin noch altyd genietsje fan de ferhalen fan ikoanen as Reinier Paping en Jeen van den Berg. "Ik fûn dat prachtich, de Alvestêdetocht hat ferhalen, it hâldt nea op."
Sykte
De kâns op in 16e Alvestêdetocht liket lyts. En as er komme soe, wit se net oft se meidwaan sil. Seinstra soe it wittegraach wolle, mar wit net oft se it kin.
Yn 2019 hat se in auto-ymmúnsykte krigen. Dêrtroch is se no samar wurch en kin se net lang efter inoar mear sporte. It wie in dreech akseptaasjeproses.
No moat se alles dosearje en rêst nimme. "Mar ik kin it stadichoan in plak jaan. Ik bin fan aard posityf dus ik sjoch krekt as yn de sport nei de mooglikheden."
Dat slagget goed, seit se. En se krijt der oare dingen foar werom. Se hat no in hûn, Brom, dêr't se einen mei rinne kin. En dêr is se hiel wiis mei.
Mar boppedat hat se noch altyd de oantinkens. De oantinkens oan dy iene dei, fan 4 jannewaris 1997.
Harkje nei it libbensferhaal fan Klasina Seinstra
It libbensferhaal fan Klasina Seinstra is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'it simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.