Omrop Fryslân

Ald-direkteur Maritime Akademy Arjen Mintjes giet it wetter op: "Ik kin net stilsitte"

Arjen Mintjes foar de Maritime Akademy
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Ast dizze simmer it fear tusken Texel en Flylân nimst, hast grutte kâns dat Harnser Arjen Mintjes dy oerset. De âld-direkteur fan de Maritime Akademy is krekt mei pensjoen gien, mar hat gelyk in simmerbaantsje socht: skipper op de Vriendschap, in skip dat fart troch it Eierlandse Gat tusken beide waadeilannen.
Want stilsitte, dat kin Mintjes net, sa seit er sels. En de see hat him altyd lutsen. As lyts jonkje woe hy al de see op.
Hy woe floatpredikant wurde. Syn omke wie stjoerman op see, en syn heit wie dûmny. In kombinaasje fan dy twa beroppen, dat like Arjen wol wat.
Arjen Mintjes hâldt fan de see. Hjir stiet hy as stjoerman oan board fan de Christian Radich mei in trainee oan it roer
© Eigen foto
De no 65-jierrige Arjen Mintjes waard berne yn it doarpke Wolphaartsdijk yn Seelân. Fanwegen it berop fan syn heit ferhuze de famylje Mintjes - heit, mem en trije soannen - in soad.

In jeugd flakby it Izeren Gerdyn

Heit Mintjes waard predikant by de loftmacht en waard sa ek yn Dútslân stasjonearre op in raketbasis yn Blomberg, net fier fan it izeren gerdyn. Dat wie ein jierren 60, midden yn de Kâlde Oarloch.
Foar de lytse Arjen wie it libben hjir ien grut aventoer. "Der wiene altyd grutte militêre oefeningen, mei Ingelsen en Amerikanen, en dêr rûnen wy as lytse jonkjes tuskentroch."
In jeugdfoto fan Arjen Mintjes út 1969. Hjir stiet hy mei syn heit en broerkes flakby it Izeren Gerdyn
© eigen foto
Doe't Arjen de âldens krige om nei de middelbere skoalle te gean, ferhuze de húshâlding nei Ljouwert, dêr't syn heit predikant waard op de fleanbasis.
It ferskil mei Dútslân wie grut foar de trije soannen. Wennen se earst yn in grut hûs midden yn it Teutoburger Wald, no stienen se foar in hûs yn de nagelnije wyk Bilgaard, dêr't alles noch keal en leech wie.
Yn it begjin wie it in ramp, mar no bin ik der aardich oan wend.
Arjen Mintjes oer syn tiid yn Fryslân
"We begûnen alle trije te gûlen", heucht Mintjes him. "En doe ha myn heit en mem besletten om mar in hûs yn Stiens te keapjen."

In alien fan Mars

It libben yn Fryslân wie wennen foar Arjen nei de jierren op in legerbasis yn Dútslân. Arjen hie koartknipt "stikeltsjehier" en hie noch nea fan bands lykas The Beatles heard.
Foar syn Ljouwerter klassegenoaten op it Gymnasium hie hy krekt sa goed fan Mars komme kinnen. "Yn it begjin wie it in ramp, mar no bin ik der aardich oan wend", laket Mintjes.
Hy wennet noch altyd yn Fryslân.

Net nei de seefeartskoalle

Op 45-jierige âldens ferstoar Mintjes syn heit oan it hertoanfal. In grutte klap foar de jonge húshâlding. Arjen wie doe 15. "De jûns hat hy my noch oerheard yn Gryks en Latyn."
De folgjende dei krigen se it berjocht dat hy ferstoarn wie. Mintjes krige in fâd oansteld, de âldste broer fan syn mem. Doe de 17-jierrige Arjen nei it Gymnasium nei de seefeartskoalle woe op Skylge, stuts syn fâd dêr in stokje foar.
Trochleare op de universiteit, dat fûn hy folle better. En sa barde it ek; Mintjes gie ûnderwiispsychology studearjen yn Grins.
Arjen Mintjes yn de hal fan de Maritime Akademy
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Noch altyd hat Mintjes spyt dat hy doedestiids net syn eigen paad keazen hat. "As ik de seefeartskoalle dien hie, wie ik stjoerman wurden as kapitein op in grut skip, dan hie ik wat mear dien wat ik altyd al dwaan woe."
Mar miskien hat it sa wêze moatten, tinkt er mei de kennis fan no.
Troch syn stúdzje en syn ûnderfining op it wetter, hy hat jierren fearn op in sylskip mei selskippen, is er úteinlik direkteur fan de Maritime Akademy wurden. In baan dy't hy 25 jier mei in soad niget dien hat.

Grutsk op syn learlingen

Yn dizze jierren hat de skoalle in nij gebou krigen en ferline jier noch in nagelnij ûnderkommen dêr't de learlingen wenje kinne. Feroarings dêr't Mintjes tige grutsk op is.
Arjen Mintjes yn de masinekeamer fan de Maritime Akademy
© Omrop Fryslan, Klazina Hofstee
Mar it meast grutsk is hy op syn âld learlingen. "Ik ha safolle learlingen hân dy't hjir binnen kamen mei in VMBO-basisadvys en dy ha VMBO, MBO en HBO dien, ik kin se net mear telle. As se in doel ha, en se witte: ik wol dy kant op, dan wurdt it wat. En dat moatte wy as skoalle fasilitearje."

Harkje nei it libbensferhaal fan Arjen Mintjes yn It Simmerpetear

It libbensferhaal fan Arjen Mintjes is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'it simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.