Gurbe Douwstra woe gjin soere âlde man wurde: "Ik bin pake, dat is fantastysk"
Gurbe Douwstra rôle eins by tafal yn de sjoernalistyk: hy hie him ynskreaun foar mar leafst trije stúdzjes, mar dy begûnen allegear pas yn septimber.
Hy hie in healjier neat te dwaan en sollisitearre by de Ommelander Courant yn Grinslân. Hy waard oannommen en nei 14 dagen wist er: dit is it.
It is it begjin fan in lange karriêre as sjoernalist. By dy Ommelander Courant docht Douwstra alles: fan it ferslaan fan sportwedstriden oant it bywenjen fan riedsgearkomsten.
"Wy wurken sân dagen yn 'e wike. Faak jûns nei in rieds- of kommisjegearkomste en yn it wykein nei fuotbal, follybal, tafeltennis of wat ek mar. Ik haw alles wol dien."
Ferhalen fertelle
Op de fraach wat him dan sa luts oan dat fak fan sjoernalist, antwurdet Douwstra:
"De frijheid. Wy wurken hurd, mar tagelyk wiene wy frij yn wat wy diene. En ik mei graach ferhalen fertelle en boartsje mei taal."
De berne Drachtster begjint syn karriêre dus yn Grinslân en dat is net tafallich. Douwstra hat al betiid ferkearing en trout as er noch yn tsjinst is.
Syn skoanheit is boargemaster yn Uithuizen en Douwstra tinkt dat dy syn ynfloed brûkt hat om him dat baantsje by de Ommelander Courant te besoargjen.
"Mar dat hat er sels altyd ûntkend, hear!"
Oan syn skoaltiid hat Douwstra goeie oantinkens. "Dat wie in moaie tiid. Ik siet op it gymnasium en it waaide my wol wat oan. Dat ik hie genôch tiid foar oare saken."
Sa sit er al gau yn in skoalband en ek de famkes krije in soad oandacht.
Autodidakt
It muzykmeitsjen hat er himsels yn dy skoaljierren oanleard.
"Ik haw wol in blauwe moandei op gitaarles sitten mar dy man liet my ferskes as 'hello Mary Lou' spylje, wylst it de tiid wie fan de Stones en de Beatles. Doe haw ik tsjin ús mem sein dat se it jild better yn 'e bûse hâlde koe."
It krystrapport wie net bêst; ik bleau mei glâns sitten!
De jonge Gurbe leart it gitaarspyljen fan syn kammeraten en kin sadwaande oant de dei fan hjoed gjin noaten lêze.
"Dat fyn ik wol spitich, mar om dat op lettere âldens noch te learen falt net ta."
Op skoalle giet it nei de earste fjouwer jier minder goed.
"Yn de fiifde klasse fan it gymnasium moast der wol wat barre. Dat wie ik net wend en it krystrapport wie dan ek net bêst; ik bleau mei glâns sitten", laket er.
Ek de sechsde klasse hellet er net yn ien kear en nei acht jier gymnasium moat er fuortendaliks nei it eksamen yn tsjinst.
Werom nei Drachten
It wurkjen by de Ommelander Courant befalt Gurbe Douwstra hiel goed, mar "sân dagen yn 'e wike wurkje hâldst net hiel lang fol."
As der by de Leeuwarder Courant in learling ferslachjouwer frege wurdt, sollisitearret er en it liket derop dat er de baan ek krijt, mar it rint mis by de salarisûnderhannelingen.
"Dêrnei krige ik noch twa kear in baan oanbean by de krante. Se woene my blykber graach ha, want de haadredakteur belle my sels op!"
Douwstra wurdt regioferslachjouwer yn Drachten en komt werom yn syn berteplak.
Radio Froskepôle paste my as in jas.
Nei trije jier sollisitearret er by - doe noch - Radio Fryslân as redakteur-ferslachjouwer.
"Ik mocht ek al gau programma's presintearje en dat fûn ik it allermoaiste om te dwaan. Ik haw in hiel soad programma's wol dien, mar Radio Froskepôle mei streektaalmuzyk paste my as in jas."
Privee makket Douwstra in drege tiid troch as er skiedt fan syn frou.
Oer Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra is berne yn Drachten op 17 febrewaris 1954. Njonken syn sjoernalistike karriêre is er bekend as Fryske trûbadoer.
Syn grutste sukses is it nûmer Cliffs of Moher dat âlve kear op nûmer ien stie yn de Fryske Top 100. Gurbe Douwstra stiet ek yn de teäters mei in lietsjesprogramma.
Op dit stuit wurket er oan syn tredde teäterprogramma dat de titel 'Ald en (heal)wiis' hat en dat yn 2026 yn premjêre giet.
"It wie gewoan op. Der wie gjin leafde mear. Wy binne hiel goed útelkoar gien, hiene gjin rûzje of sa, mar it is fansels wol hiel fertrietlik. Foaral ek omdat der bern by belutsen binne."
Syn emoasjes kin er kwyt yn de muzyk.
"Dat haw ik altyd dien: saken dy't my dwaande hâlde ferwurkje yn myn muzyk. Dat wurket foar my hiel goed."
Nij lok
Douwstra bliuwt net sa lang frijgesel want al gau komt Baukje op syn paad.
"Ik haw trije jier allinnich wenne en doe ha wy tegearre in grut hûs socht foar ús grutte gearstalde húshâlding."
"Baukje hat trije bern en ik ek, dat der moasten sân sliepkeamers yn sitte."
Dat it net sa ienfâldich is om as gearstalde húshâlding fierder te gean, erkent Douwstra wol.
"It wie foar Baukje dreger as foar my. Ik wie der faak opút mei myn muzyk en dan bleau Baukje mei de bern thús."
En dan, neitinkend: "Dat lûk ik my no wol oan: dat ik der doe net foar har wie."
Oppaspake
Gurbe Douwstra giet wat earder mei pensjoen as der ynterne problemen binne by Omrop Fryslân.
"It wie net moai mear en dat luts ik my bot oan. Baukje sei doe tsjin my dat ik better mei pensjoen gean koe omdat ik oars in soere âlde man wurde soe. Dat haw ik doe dien en dêr haw ik nea spyt fan hân."
Nei syn pensjoen kin Gurbe Douwstra him hielendal op de muzyk stoarte.
"Boppedat bin ik pake wurden, oppaspake sels, en dat fyn ik ek fantastysk!"
Yn wat foar wrâld libje myn bern en bernsbern aansten?
Op de fraach hoe't er nei de takomst sjocht is Gurbe Douwstra hiel dúdlik.
"Ik hoopje noch in skoft sa troch te gean, mar ik bin fansels 71 jier en ik kin samar omdonderje en dat wie it dan."
"Mar ast my fregest oft ik my soargen meitsje oer de takomst dan is it antwurd ja!"
Syn soargen binne oer de wrâld: de autokratyske lieders, hoe't wy mei de ierde omgean, earmoed, oarloch.
It binne saken dy't er him oanlûkt, mei it each op syn bern en bernsbern.
"It sil myn tiid wol duorje mar yn wat foar wrâld libje myn bern en bernsbern aanst? Dêr meitsje ik my echt soargen oer."
Harkje nei Gurbe syn libbensferhaal
It libbensferhaal fan Gurbe Douwstra is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'it simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.