De list fan rollen dy't Peter Tuinman spile hat is lang, mar: "Ik sjoch nea wat fan mysels werom"
Yn de finsterbank fan syn appartemint yn Den Haag stiet in Gouden Kalf. "Alle dagen sjogge we inoar even oan", fertelt Peter Tuinman. Dêrneist stiet de Rense Westra Oeuvre Award. Beide prizen binne fan grutte wearde foar de 78-jierrige akteur.
It Gouden Kalf is de meast wichtige filmpriis dy'tst winne kinst yn Nederlân, sis mar de Oscar fan de lege lannen. Tuinman krige de priis foar syn haadrol as Wiebren Hogerhuis yn de film De Dream (1985) fan regisseur Pieter Verhoeff. In rol dêr't hy noch altyd tige grutsk op is.
"Ik sjoch noait wat fan mysels werom. Wat west hat, hat west." Mar De Dream hat er frij resint noch weromsjoen. "En doe tocht ik: ik doch dit leau ik bêst wol aardich", laket er.
De Rense Westra Oeuvre Award is in publykspriis en giet nei akteurs dy't in soad betsjut ha foar Nederlânske films of searjes, mar dêr net (genôch) wurdearring foar krije.
Tuinman wûn de priis yn 2024. "In ambassadeur foar de oernederlânske film", sei regisseur Steven de Jong by de útrikking.
De earste kear dat ik in pear sênes seach, lei ik gewoan slop fan it laitsjen, dat dit kin.
Steven de Jong wie de regisseur fan Tuinman yn de Omrop Fryslân-searje Dankert & Dankert, losjes basearre op it libben fan de bruorren Anker.
Beide haadrollen waarden spile troch Tuinman. "De earste kear dat ik in pear sênes seach, lei ik gewoan slop fan it laitsjen, dat dit kin", sa sjocht Tuinman werom op syn dûbeldrol.
Twa Dankerts, ien akteur
De dûbeldrol soarge wolris foar betizing. Ien kear siet Steven de Jong ûnder it filmjen ferskriklik te gnizen. Tuinman kaam as Dankert it gerjochtsgebou yn Ljouwert útrinnen.
Mar de sêne moast opnij filme wurde. Tuiman wie sminkt en klaaid as de ferkearde Dankert. "Mar dat is de iennige kear dat is misgie", wit Peter noch.
Peter Tuinman yn Dankert & Dankert
Tuinman hat in soad rollen hân, sawol op telefyzje, film as yn it teäter. Hy is bekend fan Fryske produksjes as De Dream, De Fûke en Dankert & Dankert, lanlik spile hy yn produksjes as Spetters, Bureau Kruislaan, Unit 13 en Soldaat van Oranje.
Gjin topsport foar Tuinman
Mar it hie net folle skeeld as hy wie nea akteur wurden.
"Ik woe de topsport yn", fertelt er. Tuinman wie goed yn atletyk en bloedfanatyk. By in rûtinekontrôle waard lykwols in lytse hertôfwiking konstatearre.
"Ik woe de topsport yn", fertelt er. Tuinman wie goed yn atletyk en bloedfanatyk. By in rûtinekontrôle waard lykwols in lytse hertôfwiking konstatearre.
"Ik koe noch wol sporte sei de dokter, mar net op it heechste nivo, en dat is wat ik woe." En dus hold er op mei de sport. "It is by my alles of neat."
Dêrtuskenyn sit foar Tuinman neat. "Dat sit yn myn karakter, as it net is sa as ik it wol, dan doch ik it net. En as ik it al doch, dan doch ik it hielendal." Dy eigenskip hat him ek in Gouden Kalf opsmiten.
Tuinman groeide op yn Oerterp. As lyts jonkje boarte er in soad op strjitte of by de boer.
"Ik wie altyd bûten, bûten, bûten." Yn ien fan de rapporten op de legere skoalle stie: "Peter doet het best goed, maar hij kijkt wel erg vaak naar buiten."
Altyd bûtenboartsje
Peter Tuinman wenne tsjinoer de legere skoalle, dêr't syn heit, Anne Tuinman, it haad wie. Op it plak fan de skoalle steane no apparteminten.
As lyts jonkje rûn Peter oan de hân fan syn heit nei de skoalle. "Dan sei ik de hiele tiid heit, heit. Mar sa gau as we it skoalterrein opstapten sei ik gjin heit mear, mar master."
Heit Anne wie de skoalmaster fan Peter en syn sus Marijke, mar hie dat ek west fan Peter syn mem Alberta Bloembergen.
Doe't hy krekt klear wie mei de kweekskoalle, waard hy master op de legere skoalle yn De Rottefalle. "Hy stie as 17-jierrige foar de klasse en myn mem kaam by him yn de klasse", fertelt Tuinman.
Pas letter, doe't Alberta 18 wie en Anne 30, waarden se fereale en trouden.
It wie in moai houlik, tinkt Peter werom. "As se de ôfwask diene yn de keuken songen se twastimmich Fryske lieten, en dat hear ik noch, no't ik dat hûs wer sjoch. Moai no."
It wie in moai houlik, tinkt Peter werom. "As se de ôfwask diene yn de keuken songen se twastimmich Fryske lieten, en dat hear ik noch, no't ik dat hûs wer sjoch. Moai no."
Peter Tuinman spilet gjin rollen mear. Hy is mei pensjoen. Hy waard troch eltsenien warskôge foar 'it swarte gat', "mar ik ha it wurk noch gjin dei mist", seit er.
Noch altyd is Peter Tuinman graach bûten. Mar no is hy in soad te finen op de Antillen.
Hy is dêr ea bedarre by in produksje en fynt it libben dêr fantastysk. "Minsken libje dêr bûten en dêr ha ik altyd fan hâlden: altyd bûten bûten bûten."
Hy is dêr ea bedarre by in produksje en fynt it libben dêr fantastysk. "Minsken libje dêr bûten en dêr ha ik altyd fan hâlden: altyd bûten bûten bûten."
Harkje nei it libbensferhaal fan Peter Tuinman yn It Simmerpetear
It libbensferhaal fan Peter Tuinman is te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries yn de rige 'it simmerpetear'. Fierder is it ek as podcast beskikber op de bekende platfoarmen.
Buro de Vries is alle wiken op snein by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt sneintejûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.