Omrop Fryslân

Adoptearre Frjentsjerter wennet wer yn Yndonezië, mar "ik fiel my Fries"

Theo mei syn bern Jennifer (16) en Sam (12)
© Priveefoto
It libben kin nuver rinne. Sa'n 42 jier lyn waard in poppe út Yndonezië nei Fryslân helle. Hy krige de namme Pieter Theo Burggraaff en waard yn it Frysk grutbrocht. Tsjintwurdich wennet er op Baly. Wat is syn ferhaal?
De Yndonezyske haadstêd Jakarta is it plak dêr't er berne waard. Doe't er seis wike âld wie, waard er adoptearre út in weeshûs wei. Dêr wit er neat mear fan, fertelt er sels.
Syn heit en mem wennen yn Frjentsjer. Pieter Theo, dy't himsels koartsein ek wol Theo neamt: "Us heit en mem binne Friezen. Ik bin grutbrocht yn de Fryske taal, dus ik fiel my echt in Fries."

Heitelân

Kin er sizze dat er werom is yn syn heitelân, no't er op Baly wennet? "No ja, myn heitelân, myn heitelân....", seit Theo wat wifkjend. Yndonezië is gewoan it lân dêr't er berne is.
Pieter Theo mei syn twadde frou, syn mem en syn heit Jelle Burggraaff
© Priveefoto
In jier as tweintich lyn woenen syn Fryske âlden wolris mei de hiele húshâlding nei Yndonezië. Theo seach dêr net folle yn. Te waarm en te fier fuort. Mar it gie wol troch en hy gie mei.
Doe't er dêr ienkear wie, wie er om: "It seach der allegearre moai út. En it wie relaxter as yn Nederlân. Nei dy fakânsje bin ik binnen trije moannen weromgien, doe nei Baly. Eins bin ik dêrnei net mear weromgien (nei Nederlân, red.)."
Strjitte yn Denpasar
© Shutterstock
Sûnt 2008 wennet er op Baly, no yn de haadstêd Denpasar mei syn Balineeske frou en fiif hûnen. Mei syn earste Balineeske frou fan wa't er skieden is, hat er twa bern. Dy wenje by de mem.
Hy hat gjin grut ferlet hân om syn biologyske famylje te sykjen. "Ik haw dat noait echt field." Syn Fryske âlden binne syn âlden.
Ik fiel my hjir thús, mar ik fiel my noch wol altyd ferbûn mei Frjentsjer en mei Fryslân.
Theo Burggraaff op Baly
Hy soe syn biologyske âlden miskien wolris opsykje kinne om te fertellen dat er goed terjochte kaam is. Mar dat is perfoarst net de reden dat er yn Yndonezië wennet. "Nee, absolút net."
Sterker noch: syn wize fan tinken en dwaan binne mear Nederlânsk of Frysk as Yndonezysk. Hy hat wat fan twa wrâlden."Ik fiel my hjir thús (op Baly, red.), mar ik fiel my noch wol altyd ferbûn mei Frjentsjer en mei Fryslân."
Op fakânsje yn Italië by de Gardamar mei de famylje
© Priveefoto
Weromferhúzje nei Fryslân of Nederlân wol er net. It wennet moai op Baly. "En it waar is hjir krekt efkes wat better as yn Fryslân", seit er mei ûnderkuolle humor.
Hy leit út: "Der binne twa seizoenen. Of it reint of it is te hjit." Dy waarmte kin er net sa goed oan wenne, foaral net as it mei krysttiid oer de tritich graden is.
By de nije loads mei twa sakerelaasjes, út Sina en út Jakarta
© Priveefoto
Theo hat yn al die jierren stadichoan de fuotten ûnder it gat krigen en syn eigen bestean opboud op Baly. "Ik bin kaam mei niks."
Hy hat maatskippijlear studearre en stoarte him earst mar op it lesjaan oan expat-bern.
No hat er in bedriuw dat fitnessappatuer makket. Hy hat nijboud. Syn bedriuw beslacht no twa loadsen fan 1.500 kante meter. Tritich minsken hat er foar him oan it wurk. "Ik haw bêst wol in aardich bedriuw opboud."
Theo (hielendal rjochts) mei famylje op fakânsje yn Italië
© Priveefoto
Foar himsels is it hurd wurkjen, al leit it wurktempo oer it algemien leger as yn Nederlân. Mar wat it makliker makket, is dat der minder regels binne.

Bisto in Fries yn it bûtenlân? Of kensto ien?

Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Leaver de belibbenissen ferteld troch de Friezen om utens sels hearre? Harkje dan tiisdeitemiddeis om sawat 15:10 oere nei it radioprogramma Goeiemiddei. Harren ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân.
Alles giet dus wat makliker. Der binne folle minder regels as yn Nederlân en it tempo is wat kalmer. Mar fielt er him no Yndoneziër of Fries? Dêr is er dúdlik oer: Fries.
Hy mist de Fryske taal wol. "Ik kin tsjin de Yndoneziërs net samar in bytsje Frysk begjinne te praten. Dat ferstean se net en dan komt it net goed mei myn bedriuw. Mar de taal en de humor binne wol dingen dy't ik mis."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.