Swiere blessuere koe foar follybalster Hester Jasper net op in minder momint komme
"Als het bij voetballers op televisie gebeurt, denk ik altijd: als dat mij maar niet overkomt. En nu heb ik mijn voorste kruisband afgescheurd. Het is onwerkelijk." Follybalster Hester Jasper fan Snits kin it oankommende seizoen wol ferjitte.
Ofrûne wike woansdei gie it mis. Yn de wedstriid tusken Nederlân en Turkije yn de Nations League. Ynienen leit se op 'e grûn. Troch de stêfleden moast Jasper fan it fjild helle wurde.
Nei in MRI-scan docht bliken dat sy har foarste krúsbân skuorre hat. Dat is in swiere blessuere, dêr't sporters moannen of sels wol ien jier fan herstelle moatte.
"Ik heb maandag een afspraak bij de kniespecialist voor de operatie", fertelt Hester Jasper. "Op dit moment ben ik gewoon overprikkeld, want er komt ineens heel veel op je af."
Se leaut it eins ek noch net hielendal. "Als ik het filmpje terugkijk, kan ik het nog niet helemaal beseffen. Mijn zus Marrit zat te kijken en we hebben later nog huilend aan de telefoon gezeten samen. Zij is er ook helemaal vanaf."
Dat har refalidaasje lang duorje sil, is har wol dúdlik. "Sowieso een half jaar, maar soms ook wel langer. Mijn seizoen en contract, dat kan ik in ieder geval wel schudden. Terwijl ik nog een jaar in Griekenland zou spelen."
Dit zou de eerste zomer zijn dat ik alles mee zou gaan spelen, en voor het eerst een WK.
Op in ferfelender momint kin de krúsbânblessuere net komme foar Jasper. Se wie de ôfrûne tiid krekt goed yn foarm en siet 'yn 'e flow'.
En foar it earst like se net krekt bûten de boat te fallen by Oranje, mar in fêst ûnderdiel fan it team te wurden.
"Heel erg balen"
"Ik zat altijd een beetje op de wip bij het Nederlandse team. Dit zou de eerste zomer zijn dat ik alles mee zou gaan spelen, en voor het eerst een WK. Het is heel erg balen."
Nei in operaasje begjint de refalidaasje. Dat sil sy dwaan by it nasjonale team.
"Ik hoop zo snel mogelijk weer fit te zijn", seit se. En om ien posityf punt by de ein te hawwen: "De Olympische Spelen zijn gelukkig pas in 2028."