Ald-Snitser Hester Jasper follyballet yn Grikelân: "Er wordt soms gevochten, het is een gekkenhuis daar"
Hester Jasper fan Snits follyballet sûnt koart yn Grikelân en is ûnder de yndruk fan de sfear by de wedstriden. De follybalsters fan Friso Snits spylje woansdei tsjin Thetis Athene en dat is foar Jasper in bysûndere wedstriid.
"De Grieken hebben echt passie voor sport", seit Hester Jasper fan Thessaloniki út. "Bepaalde clubs zijn heel groot en die hebben vele fans. Panathiniakos, Olympiakos, AEK en PAOK hebben allemaal een voetbalteam, basketbal en volleybaltak."
"Bij dat soort wedstrijden wordt soms gevochten na de wedstrijden. Dat is echt een gekkenhuis daar."
De 23-jierrige Jasper begjint har karriêre yn de jongerein fan VC Snits en is, tegearre mei har sus Marrit, bern fan de klup. Yn 2016 makket sy har debút en trije jier letter stapt se oer nei Suhl yn Dútslân. Begjint dit jier tekenet Jasper by PAOK út Thessaloniki.
Troch har oerstap sjocht Jasper mei in soad ynteresse nei it bekeraventoer fan Friso Snits dit jier. Woansdei spylje de froulju tsjin Thetis Athene. Neffens Jasper kin Snits har opmeitsje foar in drege jûn.
"Het volleybal is echt een professionele sport in Griekenland. De speelsters worden betaald en de sfeer is gigantisch. Het is daardoor wel lastig vergelijken. Sneek is geen professionele club en Thetis is dat wel."
Dochs is sy net hielendal wis oft Thetis deselfde sfear hat as de gruttere klups fan Grikelân. "Ik kan ze niet zo goed inschatten nog want het is een kleinere club. Maar het kan zomaar zijn dat het ook een gekkenhuis is."
Europeeske avontoer Snits
Friso Snits spilet jûn om 20.00 oere de earste wedstriid tsjin Thetis Athene. Tongersdei is der in gearfetting te sjen op Omrop Fryslân TV.
Oare wike, op 14 novimber, folget de útwedstriid yn Athene.
De winner wurdt oer twa wedstriden bepaalt oan de hân fan sets. Der wurdt eventueel in beslissende golden set spile.
Dochs sjocht Jasper dat der genôch kânsen lizze foar Snits, want sy wûn dit jier sels mei 3-0 fan Thetis. "Thetis is geen hoogvlieger in onze competitie en het is geen team dat voor de prijzen speelt. Ik hoop dat Sneek gaat winnen, dat zou wel heel mooi zijn."
Bûtenlannersregeling
Jasper is ien fan de fjouwer bûtenlanners yn it team fan PAOK. Yn Grikelân bestiet in bûtenlannersregeling en meie klups mar fjouwer spilers fan net-Grykse nasjonaliteit ha. It bûn stelde dy regel yn om de eigen spylsters mear kânsen te jaan.
"De buitenlandersregeling kan ook een voordeel zijn voor Sneek. Het valt me op dat het niveauverschil soms groot is tussen de Griekse speelsters en de buitenlanders. Dus als je de focus legt op de Griekse speelsters bij de tegenstanders, dan zou je daar je punten kunnen pakken."
Sels hat Jasper it tige nei it sin yn Grikelân. "Het is een nieuwe ervaring en het is allemaal nieuw en leuk. Hoe een wedstrijd leeft onder supporters is voor mij mooi om mee te maken. Maar daarnaast is Griekenland gewoon een prachtig land met lekker eten en mooi weer. Dus dat neem je allemaal mee op zo'n avontuur."
Wedstriid folgje
Jasper folget de froulju fan Friso Snits noch altyd en is grutsk op wat de ploech delset. Sy hopet dus ek dat Snits trochgiet nei de folgjende ronde en wol tiid frij meitsje om de wedstriid te sjen. Of dat slagget is noch net wis.
"Ik hoop de wedstrijd live te zien op een stream. Maar het is vrij druk in ons eigen schema en dus moeten we afwachten. Het lijkt me geweldig als Sneek een ronde verder komt. Dat gun ik ze van harte."