Drama foar follybalster Hester Jasper út Snits
Follybalster Hester Jasper komt de kommende moannen net yn aksje. Se hat in swiere blessuere oprûn by de wedstriid fan it Nederlânsk team tsjin Turkije.
Troch de stêfleden moast Jasper fan it fjild ôf tild wurde. Nei ûndersyk die bliken dat se de foarste krúsbân ôfskuord hat. It gefolch is dat se operearre wurde moat en moannen net yn aksje komme kin.
It is in flinke tebeksetter foar de Snitser follybalster. Want it hie sa moai wêze moatten: it Nederlânsk team spilet dizze wike yn eigen lân wedstriden yn de Volleyball Nations League.
Mar dy rige wedstriden hat foar Jasper mar ien duel duorre. Hyke Lyklema is no de iennige Friezinne dy't oerbliuwt by de Nederlânske ploech. Sneon en snein spylje se noch in wedstriid yn Apeldoorn.