Liveblog
|
13 july 2025
EK foarby foar Spitse en Casparij | Minnesma en Steenstra winne ek yn Boalsert
Hjir fynst in oersjoch fan it Fryske sportnijs. Wolst appmeldingen fan updates krije? Klik dan op it beltsje hjirboppe.
Lêst bywurke: 13 july 2025, 22:55
snein 13 july 2025
22:55
EK foarby foar Spitse en Casparij
Foar Sherida Spitse en Kerstin Casparij is it EK fuotbal alwer foarby. Mei Oranje hienen se fan 'e jûn mei trije goals ferskil winne moatten fan Frankryk om útskeakeling foar te kommen, mar dat slagge lang net: Nederlân ferlear mei 5-2.
Spitse en Casparij stienen beide yn de basis. By it skoft hie Nederlân noch in foarsprong fan 2-1 en wie in stunt noch mooglik, mar yn de twadde helte wie Frankryk in stik sterker.
19:26
Kwartfinale is einstasjon foar Noppert yn Kiel
Darter Danny Noppert is op de Baltic Sea Darts Open yn Kiel útskeakele yn de kwartfinale. In ronde earder hie de Jouster noch foar in ferrassing soarge troch de nûmer acht fan de wrâld, Nathan Aspinall út te skeakeljen.
Yn de kwartfinale fan dizze European Tour wie Noppert dúdlik minder as Chris Dobey. De nûmer seis fan de wrâld wûn mei 6-1.
Benammen by it útsmiten makke Dobey it ferskil: hy miste mar ien dart op de dûbelds. Noppert smiet mar ien fan syn fiif dûbelds raak.
18:21
Mei ynfaller Gerben de Boer winne Minnesma en Steenstra ek yn Boalsert
Gerben de Boer, Rick Minnesma en Tjisse Steenstra ha it keatsen yn Boalsert wûn. Yn in iensidige finale wienen se mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Marten Bergsma, Hessel Postma en Pieter Jan Leijenaar.
Foar Minnesma en Steenstra is it de twadde oerwinning yn trije dagen, want by it trochelkoarlotsjen op It Hearrenfean ôfrûne freed wienen se ek al de sterksten. Doe wie Youri de Groot de opslagger.
Hjoed begûnen Minnesma en Steenstra mei Menno van Zwieten as fêste opslagger, mar dy hie te bot lêst fan in blessuere oan 'e ljisk. Foar ynfaller Gerben de Boer is it syn earste haadpriis fan seizoen.
Dat De Boer, Minnesma en Steenstra de finale hellen, wie earder op de middei noch tige ûnwis. Tsjin Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra stienen se op 'e dea, mar úteinlik oerlibben se de spannende wedstriid mei alles oan 'e hang.
sneon 12 july 2025
21:13
Galama wint Waadhoekeljepperij by de senioaren, mar junior Terpstra springt it fierst
Ysbrand Galama hat by de senioaren de Waadhoekeljepperij yn Winsum wûn. Hy wûn mei in sprong fan 20,83 meter. Dat wie lykwols net de fierste sprong fan de jûn, want junioaren Germ Terpstra en Michiel Zijlstra sprongen respektyflik 21,57 en 21,12 meter.
De sprong fan Terpstra wie ek in nij skânsrekôr foar junioaren yn Winsum. By de froulju wie Femke Rispens mei in sprong fan 16,36 meter de bêste.
Sjoch hjir nei de fierste sprongen fan Winsum:
Germ Terpstra: 21,57
17:39
Wijnia, Krol en Deinum winne it keatsen yn Oentsjerk
De haadklassepartij yn Oentsjerk is wûn troch Sjanet Wijnia, Louise Krol en Martzen Deinum. Yn de finale wienen se mei 5-1 6-4 te sterk foar Larissa Smink, Anouk Smink en Senne Idsardi. Deinum foel by it winnende partoer yn foar de blessearre Gerde Lycklama à Nijeholt.
De útslach wie wat flattearre, want de earste seis earsten waarden beslist op 6-6. Allinnich it earste buordsje gie dêrfan nei Smink-en-dy.
It is foar de tredde kear dit seizoen dat it partoer fan Wijnia in frijeformaasjepartij wint. Yn totaal stienen se seis fan de sân kear dit seizoen yn de finale.
15:07
Al-Saed fan Hearrenfean werom nei Sweden
Hearrenfean-spiler Danilo Al-Saed sil definityf werom nei Sweden. De oanfaller kaam yn de simmer fan 2024 oer fan it Noarske Sandjefjord, mar in sukses waard hy yn Fryslân net.
Hy waard yn de winter ferhierd oan AIK út Sweden en sil no wer werom nei dat lân. Foar hokker klup er spylje sil, wurdt letter bekend makke.