Omrop Fryslân

Follybalsuskes Jasper bliuwe by harren ploegen yn Poalen en Grikelân

Marrit Jasper mei de Poalske beker
© Marrit Jasper
Marrit en Hester Jasper spylje ek it folgjende follybalseizoen by de klups dêr't se dit seizoen spile ha.
De 29-jierrige Marrit bliuwt yn Poalen by KS DevelopRes Rzeszów en har jongere suske Hester hat mei in jier ferlinge by AC Paok yn Grikelân. It wurdt foar beiden harren twadde seizoen dêr.
Yn Poalen hie Marrit in tige suksesfol jier mei de bekerwinst en de lânstitel. Boppedat waard se ferkeazen ta bûtenlanner fan it jier yn de Poalske kompetysje. Hester grypte krekt njonken it lânskampioenskip yn Grikelân. Se ferlear yn de finale fan Olympiacos.
Op dit stuit riedt Hester har mei it Nederlânsk team ta op de Volleyball Nations League. Se is net de iennige Friezin; ek Hyke Lyklema sit by de seleksje. Marrit genietet noch fan in fakânsje en slút letter dizze simmer oan by de Nederlânske ploech.
Kommende wike spylje de follybalfroulju de earste fjouwer wedstriden yn it Kanadeeske Ottawa. Se treffe dan Japan, Kanada, Dominikaanske Republiek en Bulgarije.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.