Autopetters en fytsers kinne oan de bak: reinwetter en in stevige wyn dit pinksterwykein
Min nijs foar eltsenien dy't de Alvestêdetocht fytse of autopetsje sil of dit wykein oan in bûtenaktiviteit meidocht; it waar hâldt net oer. Rein en hurde wyn hawwe de haadrol yn it pinksterwykein.
Litte we begjinne mei sneon. "Dan hawwe we earst in drûge perioade, mar fan healwei de moarn ôf lûkt in grut reingebiet oer de provinsje", fertelt waarman Jan Jonkman. "Dêr sitte pittige buien by, mei mear de provinsje yn ek kâns op in klapke tonger."
It reint de hiele middei, jûn en nacht troch en dus kinne der de nedige milimeters falle. It wurdt sa'n 15-16 graden en der stiet in matige oant krêftige súdwestewyn. "Dêrby hat de bewolking de oerhân, mar der is ek kâns op nochris in glimke sinne", seit Jonkman.
Autopetters meie oan de bak
Dan earste pinksterdei. "Ek dan is it in kommen en gean fan buien", fertelt de waarman. "Der is in ôfwikseling fan wolken en sinne en it wurdt 15-16 graden."
Hâld de aktuele berjochten yn de gaten
Dit artikel beskriuwt de waarsferwachting fan it pinksterwykein. Dizze ferwachting is makke op basis fan de stân fan saken op freed. It waar kin fansels noch feroarje. Hâld dêrom foar de aktuele situaasje ús waarside yn de gaten.
De autopetters dy't snein de Alvestêdetocht dogge, kinne neffens Jonkman oan de bak. "Der stiet in matige wyn, gemiddeld krêft fjouwer, mar der kinne útsjitters yn 5 oant 6 beaufort foarkomme."
"Foar de autopetters net ideaal waar en ek de wettersporter kriget it dreech."
Wyn hellet oan by Fytsalvestêdetocht
Pinkstermoandei is der in ôfwikseling fan wolken, sinne en út en troch in stower.
Mar foar de fytsers fan de Alvestêdetocht miskien noch wol belangriker: hoe komt it mei de wyn? "Moarns is it earst noch rêstich, mar fan in oere of 10 ôf hellet dy út it westen wei oan."
Fan Dokkum oant Starum hawwe de fytsers, dus syd- en tsjinwyn. "Dat wurdt traapjen", seit Jonkman. "Nei 20.00 oere falt de wyn fuort, dus de lêste fytsers kinne ek net iens profitearje fan de wyn yn de rêch, dat kin der dan ek noch wol by."
De temperatuer komt moandei út op 16 graden.