Omrop Fryslân

Fytsmakkers drok mei tariedings Fytsalvestêdetocht: "Mar op moandei hoege se my net te beljen"

Dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht fan 2024
© Fietselfstedentocht
Fryske fytsmakkers hawwe it drok mei de lêste tariedings op de Fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei. It wurdt de lêste jierren wol minder hektysk: "Minsken ûnderhâlde de fyts better en de fytsen sels wurde ek hieltyd better."
"Wy fernimme dúdlik dat it hast safier is", seit in meiwurker fan Haijma yn Stiens. "Mar yn de planning hiene wy dêr al rekken mei hâlden."
Yn Stiens gie it ferline wike om sa'n tweintich ekstra fytsen.
Eartiids wiene dat der mear: "Doe kamen minsken faker last minute noch efkes del. Hjoed-de-dei krije minsken in mailing en wurdt de fyts it hiele jier troch wol ûnderhâlden. Hoe dan ek binne de fytsen fan no better as dy fan eartiids."

Hast allegear racefytsen

In goeie tarieding is it heale wurk en dat fernimme se ek yn Stiens: "Minsken keapje sportfieding, bidons, in ekstra binnenbân en in fytspompke."
Aldere fytsen sjogge sy by Haijma hast net mear. It binne hast allegear racefytsen dy't se klearmeitsje foar moandei, op in stik as fjouwer nei.
Dat is ek wol logysk. Fytswinkels ferkeapje meast elektryske fytsen en dy binne net tastien op pinkstermoandei.

Min waar? Reinjaskes net oan te slepen

De Elfmerenfietstocht, alle jierren in pear wiken foar de Fytsalvestêdetocht, is neffens Tim Terpstra fan Cycling World yn Ljouwert faak it startskot foar ekstra drokte.
Dy tocht is 100 of 150 kilometer lang en foar in soad fytsers in goeie training foar pinkstermoandei.
"Vanaf dan merken we dat de drukte toeneemt", seit Terpstra. "Mensen merken dat de versnelling toch niet helemaal goed werkt en besluiten alles nog even te laten checken."
Ek yn Ljouwert bringe klanten benammen racefytsen. Terpstra: "Ik schat dat negen van de tien fietsen racefietsen of andere sportfietsen zijn."
Entûsjasme by dielnimmers fan de fytsalvestêdetocht
© Fietselfstedentocht
Fanwegen de ekstra drokte wurdt in oantal fan de reguliere, jierlikse ûnderhâldsbeurten nei foaren helle sadat ek dat wurk gewoan trochgean kin.
Flak foar it evenemint begjinne minsken it waar yn de gaten te hâlden, fernimme se yn sawol Stiens as Ljouwert.
Driget it min waar te wurden, dan binne de reinjaskes en ekstra binnenbannen hast net oan te slepen.
Dat wie bygelyks it gefal yn 2022. It reinde doe by de start.
De wiete start fan de Fytsalvestêdetocht yn Boalsert yn 2022
© Esther Leystra
In pear tûzen minsken bleau thús, der wiene in soad lekke bannen en nochris twatúzen dielnimmers hellen de einstreek net.

"Moandei hoege se my net te beljen"

Ruud Haringa hat syn fytswinkel yn Boalsert, it episintrum fan de Fytsalvestêdetocht.
"Ik fernim hiel dúdlik dat it sa flak foar de tocht in stik drokker is", seit er. "Dan moatst tinke oan 30 oant 40 persint mear klanten."
Minsken litte de fyts noch efkes neisjen, mar ek de ferkeap hellet oan dizze dagen: "Bidons, bidonhâlders, oan datsoart saken moatst dan tinke."
Nettjinsteande it feit dat der yn Boalsert fansels kloften fytsers byinoar komme, hat er op dy dei gjin rol en is de winkel ticht. "Nee, dan hoege se my net te beljen", seit Haringa. "Dan hâld ik my ôfsidich."

By Omrop Fryslân

De Fytsalvestêdetocht is op moandei 9 juny fansels ek wer wiidweidich by Omrop Fryslân te folgjen. Yn de Omrop-app, op omropfryslan.nl en op ús socialmediakanalen binne we der de hiele dei by.
Op radio en telefyzje steane we fan 8.00 oant 20.00 oere lâns de rûte.
Peter Visser fan Newspeed yn Snits falt mei de doar yn hûs: "Ik haw it der net hiel drok mei." Ien fan de redenen dêrfoar is gebrek oan tiid.

De fyts krekt fan souder helle

"Guon fytsers komme hjir en dan hawwe se krekt de fyts fan souder helle", seit Visser. "Dy sit dan ûnder it stof en dan moat der op it lêste moment noch fan alles barre. Dan haw ik myn twifels al wat."
Of immen meldt dat er de alvestêdetocht fytse sil, mar komt dan op in drok momint oansetten mei in fyts mei krekt wat te min speaken en oare mankeminten.
Visser: "Om hiel earlik te wêzen... Dat binne eins net myn klanten."
Dochs sjocht Visser dat de measte dielnimmers it ûnderhâld wól goed foar elkoar hawwe en op goed materiaal ride.
Hy helpt wolris in dielnimmer oan de tocht, mar in soad binne it der net: "Ik haw it faak drokker mei minsken dy't op fekânsje geane en de fyts meinimme wolle."
De Fytsalvestêdetocht yn it sintrum fan Boalsert
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sels fytst er ek mei op pinkstermoandei.
Faak begûn hy yn startgroep 1 of 2 en gie er sa fluch mooglik nei de einstreek: "No sit ik yn groep 17 of sa en haw ik besletten om der yn alle gefallen oant Dokkum ta in bytsje mear fan te genietsjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.