Omrop Fryslân

Stepalvestêdetocht populêrder as ea: finish moat sels ferpleatst wurde

It duorret faak mear as 16 oeren om de folsleine tocht op de step ôf te lizzen
© Bolswarder Stepvereniging
Der dogge dit jier safolle minsken mei oan de Stepalvestêdetocht yn Boalsert, dat de organisaasje fanneed de finish ferpleatse moat. Dy finish wie altyd op de Bargefenne, mar giet nei Plein 1455.
It is 40 jier lyn dat de Stepalvestêdetocht foar de earste kear hâlden waard. Omdat de tocht yn de jierren fan de coronakrisis en yn de tongblier net trochgong, wurdt dit jier de 38ste edysje hâlden.
"Foar de coronaperioade seagen wy dat it oantal dielnimmers al yn de lift siet", seit Heleen Haneman fan de organisaasje. "Nei corona wie der earst in lytse dip, mar no groeit it oantal dielnimmers wer."

16 oeren steppe

De Stepalvestêdetocht wurdt sûnt 1985 hâlden yn it pinksterwykein, itselde wykein dat ek de Fytsalvestêdetocht hâlden wurdt. De Stepalvestêdetocht begjint op pinkstersnein om middernacht yn Boalsert, yn 'e regel ûnder grutte belangstelling.
It trajekt is itselde as by de Fytsalvestêdetocht: nei Boalsert folgje Harns, Frjentsjer, Dokkum en Ljouwert. Dan giet de rûte wer nei Boalsert en geane de dielnimmers de Súdwesthoeke yn, nei Snits, Drylst, Sleat en Starum, oer Hylpen en Warkum werom nei Boalsert.
De hiele tocht duorret tusken de 16 en 17 oeren, wêrtroch as de measte steppers let yn de middei wer yn Boalsert oankomme.
Dit jier dogge der 450 minsken mei. Dat binne 150 mear as ferline jier. "Binnen in kertier wiene alle kaarten fuort", seit Haneman,

Mear dielnimmers as ea

"En doe kamen se noch by ús mei de fraach oft wy it dielnimmersoantal ek ferheegje koene. Dat koe allinnich as der ek ekstra frijwilligers komme soenen, want dy hawwe wy écht nedich. Mar dat is úteinlik slagge, dus kinne wy mear minsken as ea meidwaan litte."
It trajekt is itselde as by de Fytsalvestêdetocht
© Bolswarder Stepvereniging
"Yn de rin fan de jierren hawwe wy al ús tiidkontrôles al ferpleatst en Boalsert is dêr no de lêste yn. Op it âlde finishplak, de Bargefenne, soe it te drok wurde foar alle dielnimmers en taskôgers. Dêrom geane wy dus no nei de tinte op Plein 1455."
Ien foardiel dêrby: "Dy tinte stiet der dochs al, yn ferbân mei de Fytsalvestêdetocht. Dus alle fasiliteiten binne dêr oanwêzich."

Groei der noch net út

Kin de Stepalvestêdetocht noch fierder groeie? "Dat sille wy sjen", seit Haneman. "Ik tink dat de groei der noch net út is. Wy krije noch hieltyd minsken dy ús freegje: 'Hé, kinne wy noch mei?'"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.