It is hjoed op 'e nij in grize dei mei bewolking dêr 't net of amper romte is foar de sinne, mar wol falt út en troch lichte storein. Temperatuer 7 graden, de súdwesten wyn is earst swak en lûkt yn de rin fan de dei oan oant matich en oan de kust oant krêftich.
Foarútsjoch
It earste part fan de nije wike stiet yn teken fan in stoarmige waar. Boppe lân stiet in krêftige wyn in 5 a 6 en yn it Waad gebiet in stoarmige wyn mei útsjitters yn 8 a 9, út in westlike rjochting. De temperatueren lizze om de 7 graden hinne, en der is in ôfwikseling fan mear wolken as sinne en inkelde buien.