'Tornado Tjitske' noch fol adrenaline nei Amearikareis: "We wienen der net om flinterkes te spotten"
"It wie in machtich moaie reis", waarfrou Tjitske Wiebenga sit dúdlik noch fol adrenaline fan har tornado-aventoer yn Amearika. "It wie boppe ferwachting."
Wiebenga reizge mei in groep fan njoggen persoanen by in organisaasje dy't spesjalisearre is yn toers foar tornado's.
En dat wie mar wat suksesfol: "Op dei ien koenen we al in hiel soad saken ôfstreekje: grutte hagelstiennen, meardere tornado's, ek guon dy't we fan tichteby ûntstean seagen. En de dagen dêrnei gie it mar troch."
Wiebenga hat in hiel soad spektakulêre waarsomstannichheden meimakke. "Sels de reislieder sei: dit sil ik nea wer sa meimeitsje", laket se.
De tonger slacht yn deunby de auto fan Wiebenga
Op in gegeven momint seach it selskip in supersel, it swierste type tongerbui dat bestiet. "Dy jouwe jûns in hiel soad tonger en wjerljocht", leit Wiebenga út.
"As der dan sa'n wjerljocht komt, dan wurdt dy hiele supersel yn it ljocht set en dan pas sjochst mei watfoar flatgebouwen ast te krijen hast; sokke grutte wolkeformaasjes. Dan fielst dy even hiel lyts."
It ekstreme opsykje
De tornadoreis is net sûnder risiko's. "Sikest sa'n stoarm wol op", jout Wiebenga oan. "We hawwe ek wol wat wjerljochtûntladingen hân dy't krekt even wat tichterby wienen as dêr't we rekken mei holden."
"Mar ja, we wienen der net om flinterkes te spotten", laket se. "We gienen foar it ekstreme. Dat hawwe we wol krigen. It wie machtich moai."
Tusken de supersellen yn Amearika
Wiebenga stuts net allinnich foar de adrenaline de Atlantyske Oseaan oer, se woe ek mear kunde opdwaan oer it waar.
Dat is slagge. "We hienen ôfrûne sneon swiere tongerbuien yn Limboarch. Ik hold it radarbyld dêrfan hiel bot yn de gaten en ik seach de struktueren fan de buien ûntstean en ik pikte der ien út."
Ik stjoerde yn de groepsapp: 'jongens, zit hier circulatie in deze bui?' En ik krige fuortendaliks reaksje: ja zeker, dit is een circulerende bui. Deze heeft grote hagelstenen geleverd in Venlo. Fan ôfstân thús koe ik dat dus sjen. En ik ha ek oare kaarten en modellen dy't ik brûke kin, ik ha der in hiel soad fan leard."
Wiebenga sil de reis nea wer ferjitte. "De groep dêr't we mei fuort wienen, wie ien en al wille. Je wurde ien ploech. Kinst it ferlykje mei in team dat meidocht oan in WK en wedstriid nei wedstriid wint. Dan sitst yn sa'n momentum. It wie fantastysk."