Hoe bliuwe je 50 jier maten?
Hoe bliuw je 50 jier maten
Se ha net deselde hobbys, mar wol ynteresse yn inoar en yn inoars hobbys. Al 50 jier binne Jaap en Cor maten en binne der foar inoar wêr't it nedich is. Hjoed pleatse se tegearre in stek om de tún, want mei in jonge hûn is dat wol nedich.
De manlju binne beide pensjonearre en as der klust wurde moat, dan hoecht dat net al te rap, want se ha de tiid oan harren sels. De iennichste betingst is dat it moai waar wêze moat.