HEA! Erfstikken fan pake
HEA! Trekkerdei Wytmarsum
Foar de leafhawwers fan âlde trekkers falt der wer hiel wat te genietsjen op de jierlikse trekkerdei yn Wytmarsum.
De lânbouweinen fan foar 1980 binne der fan alle merken en maten. Guon prachtich restaurearre en oppoetst, oaren rustich mar noch goed wurkjend.
Faak binne it trekkers dy't fan heit of pake west ha en dêr't noch mei leafde oer praat wurdt. En sa kin it publyk by hast eltse trekker wol in ferhaal hearre.