HEA! De neilittenskip fan Jan Bruining

HEA! Neilittenskip Jan
Yorlin de Jonge is 21 jier en wie as jonkje altyd al by Jan Bruining yn Ingelum oan it wurk. Bruining wie in grut leafhawwer fan trekkers, hy hie der 35 yn syn loadsen stean en Yorlin hat it trekkerfirus oerkrigen.
Bruining wie slim siik en is yntusken stoarn. Hy woe hiel graach dat syn kolleksje trekkers op in goed plak terjochte kaam. Yorlin syn dream is dêrtroch útkaam: hy hat de 'International' fan Jan krigen. Yorlin hat him hielendal restaurearre, en no is de trekker klear en stiet hy foaral te pronkjen. Hy is der hiel grutsk op, ek as oantinken oan Jan Bruining.