Fiif jongfeinten yn in Westereender soarchsintrum: "Se fleurje de boel echt op"
"We ite sadalik in lekker hapke, en we hawwe der hjoed ek in bitterbaltsje by. Dat giet der fêst wol yn! Mar earst freegje ik even om in momint stilte, dan kinne we de hannen gear dwaan."
Steven Harm Zwarts sprekt troch de mikrofoan de groep bewenners yn de grutte seal fan wensoarchsintrum Brugchelencamp yn De Westereen ta.
It is 17.30 oere, iterstiid. Nei it 'Smaaklik ite!' komt de seal ta libben.
Fiif jongfeinten, allegearre tweintigers, servearje mei in brede laits en in grapke links en rjochts it bôle-iten út.
Klaaid yn de swarte boesgroentsjes fan de soarchorganisaasje manoeuvrearje se handich tusken de rôlstuollen en parkearre rollators troch.
Frouljusbolwurk
It falt wol op, want meastentiids is de wrâld fan de soarch in frouljusbolwurk.
Mar yn De Westereen ha ek jonges harren paad fûn yn dit wurk. Bowie de Boer is de earste. Syn mem wurket al yn Brugchelencamp. Sa kin hy seis jier lyn as simmerhulp dêr in bybaantsje krije.
Troch syn positive ferhaal wurde syn maten ek entûsjast. De wurktiden binne geunstich en de fertsjinsten better as in baantsje yn de supermerk.
Sa komme Stefan Schippers, Christiaan de Boer, Steven Zwarts en Niels Roemeling ek yn it soarchsintrum te wurkjen.
Stúdzjeswitch
De fiif freonen wurkje as 'wenassistint' foaral yn de hoareka, dat wol sizze dat se helpe by it iten, de tafels dekke en wer ôfromje, mar ek mei de bôlekarre troch it hûs gean nei de bewenners dy't net nei de seal ta komme kinne.
Allegearre dogge se it wurk as in bybaan neist harren stúdzje. Utsein Niels Roemeling, dy't no sels de switch makke hat nei in karriêre yn de soarch.
Earder wie Niels noch dwaande mei in oplieding ta manager yn de retail. No docht hy in stúdzje Maatskiplike Soarch en sit er ien dei yn 'e wike op skoalle. De oare dagen wurket er yn it soarchsintrum.
Krijst tankberens werom, en freonskip mei minsken dy't folle âlder binne as dysels.
It wurk sprekt him enoarm oan. "It idee datst wat foar ien dwaan kinst, dy't der sels wat mear muoite mei hat, dat jout my in hiel soad foldwaning."
Steven kin dat ûnderskriuwe.
"Krijst in bân mei de bewenners, dat jout my in soad enerzjy. Krijst tankberens werom, en freonskip mei minsken dy't folle âlder binne as dysels. De bewenners fine it noflik datst mei harren yn kontakt bist. Op in gegeven momint boust echt in bân mei se op."
'Fleurige jonges'
Wylst de jonges by de tafels del geane en hjir en dêr helpe mei it bôlesmarren, sjogge twa froulike personielsleden fan Brugchelencamp even om it hoekje.
"Net om te kontrolearjen hear", laket Sabina Talsma. "Se rêde har prima. De jonges fleurje de boel echt op, dat sjochst ek oan de bewenners. Se hawwe wille mei-inoar."
Har kollega Adrie Koree fynt it ek moai dat der wat mear manlju yn it fersoargingshûs wurkje.
"It is net allinne in frouljuswrâld mear. Se ha hiele oare ideeën, ek om wat te plannen of te organisearjen. En de bewenners binne sljocht op dy jonges."
Frou Triemstra, dy't yn Brugchelencamp wennet, befêstiget dat. "It binne fleurige jonges, se soargje der goed foar dat we genôch krije."
Dat fynt frou Bies ek. "Dy mannen, dy jonge baaskes, rêde harren goed. We ha it hjir sa bêst as wat!"
Sa foldocht it goed fan beide kanten. "Se fine it just wol leuk dat se jongkeardels sjogge, omdat der al safolle froulju binne", mient Christiaan.
"Ek even wat oar praat"
"Ik tink dat it goed is foar de ôfwikseling. En dan hawwe je ek even wat oar praat, oer de sport bygelyks."
Stefan fynt it ek in grut foardiel dat it wurk goed te kombinearjen falt mei it studearjen. En dat de fiif jonges ek yn harren priveelibben freonen fan inoar binne, is al sa moai.
"It binne dyn freonen dêr'tst al fan alles mei belibbe hast, dan hast de grutste ferhalen op it wurk. We kenne inoar al fan de basisskoalle ôf."
Troch it wurk yn soarchsintrum yn De Westereen fielt Steven him ek hiel belutsen by it doarp.
"Ik hie it fan 'e middei noch. Ik wie mei de freondinne yn de Poiesz, dan komst wer in kollega tsjin. Sa trefst altyd minsken dy't wat hawwe mei Brugchelencamp, oft se der no wurkje of der famylje sitten hawwe. En dan hast even in praatsje. Dat fyn ik moai."
HEA! makke dizze reportaazje oer de jonges yn Brugchelencamp:
Fiif jongfeinten yn in Westereender soarchsintrum