Omrop Fryslân

Tanja Kombrink is mûnder op De Kaai yn Sleat: "Steeds meer vrouwen worden molenaar"

Mûnder Tanja Kombrink op de mûne fan Sleat
© Omrop Fryslan
Tefreden sjocht Tanja Kombrink (49) omheech. Se hat niiskrekt de monumintale mûne fan Sleat yn beweging set. "Op het moment dat de wieken draaien, dan begint de stad weer te ademen."
It is in skiere dei yn Sleat: de moarnssinne kiperet foarsichtich troch de damp hinne en der stiet in lyts wyntsje. Heech op it bolwurk stekt mûne De Kaai hast boppe de flarden mist út. De wjukken fan de nôtmûne út 1755 komme stadichoan yn beweging.
Dit is it wurkplak fan Tanja Kombrink. Sûnt 2018 is se frijwillich mûnder, ien fan de pear froulike mûnders fan Fryslân. "Het was wel een mannenwereldje, maar steeds meer vrouwen worden molenaar. En dat is hartstikke leuk, want we hebben wel molenaars nodig."
Mûne De Kaai fan Sleat yn 'e dize
© Omrop Fryslan
Tanja is sûnt 2018 frijwillich mûnder op de nôtmûne út 1755.

Frijwilliger

Foar de leafde komt Kombrink yn 2009 nei it lytse Alvestêdestedsje, har man is in Sleattemer. Omdat se noch net safolle minsken ken, stapt se it winkeltsje by de mûne yn. Miskien kin se dêr wol frijwilligerswurk dwaan en sa mei har stedsgenoaten yn 'e kunde komme.
Mar mûnder Lolle Poepjes freget har oft se net sels mûnder wurde wol. En dat liket Tanja wol wat ta.
Tanja Kombrink set de mûne yn beweging
© Omrop Fryslan
De praktykoeren op de mûne makket Tanja flot, se genietet folop fan it wurk. "Het is een oud ambacht, dat maakt het ook zo mooi. Je ziet die ouwe balken, je ruikt de geur van vroeger, dat is helemaal fantastisch."

Diploma

It téoryeksamen kostet aardich mear tiid. Underwilens is Tanja yn ferwachting rekke en se skoot it it learen wat foar har út. Mar om fersekere it wurk op de mûne dwaan te kinnen, is it diploma wol nedich.
Mei help fan learmaster Gerben Wijnja út Tsjerkwert slagget it úteinlik dochs en hellet se yn 2018 har papieren.
Je ziet die ouwe balken, je ruikt de geur van vroeger, dat is helemaal fantastisch.
Tanja Kombrink oer har leafde foar it mûndersfak
As famke hie se nea betinke kinnen dat se sa fassinearre reitsje soe troch mûnen. "Ik kom uit de Noordoostpolder, en daar heb je zulke molens niet. Op het moment dat ik hier kwam, dacht ik: 'Dit is toch wel echt heel mooi!'"

Bargefet

De mûnder krûpt yn har ljochtbrune wurkoverall boppeyn de kap fan de mûne. Dêr smart se in flinke hânfol bargeriezel op de draaiende ûnderdielen sadat de as troch it fet soepel rint.
"De molen loopt heel licht, ook als we tarwe malen. Dat meel verkopen we beneden in het winkeltje."
It binnenwurk fan de mûne út 1755
© Omrop Fryslan
Yn it deistich libben is de mûnder sosjaal wurker. As frijwilliger draait se om de sneon op De Kaai. Somtiden allinnich, mar ek wol mei mear minsken, foaral as der meald wurdt en der besikers binne.
Hjoed hat Tanja help fan Annette van der Spoel, dy't ferline jier har mûndersdiploma helle hat. "Mar we leare noch altyd", seit Annette. "Je moatte de mûne ek kennen leare, alle lûdsjes, wat is goed, wat net? It is in supermoai stikje ark dêr't wy mei wurkje meie, in monumint. Dat is dochs unyk?"
Mûnders Tanja Kombrink (l) en Annette van der Spoel (r)
© Omrop Fryslan
"En vooral van molenaars die al jaren in het vak zitten leren we nog, die hebben ook zoveel kennis van vroeger", follet Tanja oan.

Klopjend hert

Kombrink fynt it echt prachtich as se besikers en toeristen de mûne sjen litte kin en demonstrearje kin hoe't alles wurket. "Het is niet alleen een molen, het is een plek waar van alles gebeurt: mensen komen er naar toe, je hoort verhalen, het begint te leven. De molen is echt het kloppend hart van de stad!"
Sjoch hjir de reportaazje fan HEA! oer Tanja Kombrink en har mûnderswurk:
HEA! Mûnder Tanja

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.