HEA! It fleisteam fan Koatstertille
HEA! Stockcar Louw de Vries
It seizoen fan de stockcar races is krekt wer los en team Louw de Vries fan Koatstertille is derby. Louw is sels net in technysk wûnder, mar hat in geweldige ploech spesjalisten om him hinne.
Syn maten binne like ferslave oan de crosserij as hysels en twa kear yn 'e wike wurdt der oan de crossauto sleutele. Fan syn fjirde ôf waard Louw troch syn heit meinaam nei de crosserij.
It firus is oerslein en yntusken crosst hy al 26 jier yn de top mei. Dat hat hy mei te tankjen oan syn team. Dat wurdt ek wol it fleisteam neamd.
By alle gelegenheden dy't se mar betinke kinne, giet der fleis mei. De earste heale hinnen en sateestokjes lizze al op de barbekjû as Louw noch oan it racen is.