Omrop Fryslân

HEA! De wrâldferneamde útfiningen út Blije

De wrâldferneamde útfiningen út Blije
Ynstallaasjebedriuw Vellema yn Hallum bestiet 100 jier. Om dat te fieren is der museumke ynrjochte mei de skiednis fan it bedriuw.
Grûnlizzer fan it bedriuw, Jan Vellema fan Blije, wie in hiele goeie útfiner. Hy hat ûnder oare de alom bekende spanningsiker útfûn dy't elke putsjeman wol yn 'e hûs hat.
Pake is ea as klokkemakker begûn en yn de rin fan de jierren is hy mear de rjochting fan elektrisiteit en wetterlieding gongen. En sa is 100 jier ferlyn it ynstallaasjebedriuw ûntstien.
It klokkemakkersfak hat altyd as reade tried troch it bedriuw in rol spile. Vellema hat ek in apparaat útfûn om tsjerkeklokken elektrysk liede litte te kinnen.
It 100-jierrich bestean sil troch it hiele jier fierd wurde en alle útfiningen fan pake Jan Vellema binne yn it museum te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.