Omrop Fryslân

HEA! De Beukjes fan Surhuzum

HEA! Darten
By de famylje Beukema fan Surhuzum binne se allegearre darts-gek. Heit Wopke is in reedlike amateurdarter en hat de leafde foar it darten trochjûn oan syn beide soannen Teake en Cor. Efter hûs ha se harren eigen dart-hok, dêr't se alle jûnen te finen binne.
Heit woe de jonges ek oan it darten ha en hy hat se lokt mei in útdaging. Se moasten him mei 5-0 ferslaan en dan soene se in Playstation 4 krije. Sawol Teake as Cor ha dat binnen koarte tiid foarelkoar krigen. Yntusken binne beide jonges better as heit en Cor fan 15 jier is de meast talintfolle. Hy hat al in soad prizen wûn en wol it PDC poadium helje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.