HEA! De krúsbôge stiet spand op De Knipe

HEA! Krúsbôgesjitte
Al hast 50 jier wurdt der op De Knipe fanatyk oan krúsbôgesjitten dien. De feriening hat in eigen gebou mei ferskate sjitbanen en ek in troch foarsitter Sjouke van der Heide boud systeem dat de pylken wer ophellet as der sketten is.
Guon leden sitte al sûnt de oprjochting by de klup, lykas Eppie Dikkerboom. Hy fynt it noch altyd moai wurk, ek al giet it de iene dei better as de oare.
De sport is eins in wedstriid tsjin dysels. It ferget in soad konsintraasje, en as je in drege dei hân hawwe, wol it sjitten meast ek net.