HEA! Yke docht oan Fryske sporten
HEA! Goeie yn Mantgum
Yke Hoekstra is 11 jier en hâldt fan Fryske sporten. Se docht oan keatsen, kuorbal en reedriden. Kuorbal is har favorite sport, mar se stiet ek graach op skeelers as der gjin iis yn de sleatten leit.
Se hat de skeelers noch mar krekt wer fan de souder helle. En hjoed giet de reis fan Mantgum nei Jorwert en werom.