Omrop Fryslân

HEA! Crosse yn Blije mei de HEA!-caravan

HEA! Crosse mei de HEA!-caravan
De simmer is foarby, HEA! is werom! De caravan hâldt dizze kear stil by de Frije cross fan Blije.
Op syk nei moaie ferhalen en bysûndere minsken treffe we ûnder oare Durk Oberman: in man fan tradysjes.
Janko Swieringa nimt ús mei yn syn crossauto. Hy hâldt fan de spanning, dizze sport is foar him in útlitklep en jout him in kick.
Yn de caravan bringe fiif famkes in bysûnder liet en de leafde fan de man giet ek hjoed troch de mage.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.