Omrop Fryslân

HEA! Genietsje fan it libben yn in cabrio

HEA! Goeie blits bakje
"Even genietsje fan it libben." Dat is it foar Eddie en Nellie Boonstra fan Hallum as se te toeren binne mei harren reade Oldsmobile cabrio.
Eddie fynt foaral it lûd fan de motor moai. Hy start de wein even om it hearre te litten. "En de sinne op'e holle!" follet syn frou Nellie oan. Want by moai waar giet it dakje nei ûnderen.
It stel krijt in soad reaksjes as se mei de Oldsmobile op 'n paad binne. "Dan stekke de minsken even in tûme omheech nei ús omdat se de auto sa moai fine!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.