Omrop Fryslân

HEA! In geskink út de himel

HEA! Goeie Regina Wassenaar
Regina Wassenaar hat in soad mei it leauwen en har bining mei de "Vader". It is dêr't se op libbet. Dat hat har ek op it plak brocht dêr't se no wennet. Regina wenne yn in lyts plakje ûnder Amsterdam en hie langstme om in grientetún te begjinnen en om boerinne te wurden.
Yn gebed hat se frege wêr't de "Vader" har nedich hat. Har buorfrou sei: "Is Fryslân net wat foar dy?", en dat wie it teken foar har. Mei har bern ha se om in moai plakje socht en se wenje no yn Hichtum yn in arbeidershúske mei in stikje grûn derby.
Dêr hat se yntusken in grientetún en in opfang foar kninen en kavia's makke. Stadichoan wurdt it plakje hieltyd moaier. Se fynt it in geskink en in seining dat se hjir wêze mei. Se is no in boerinne yn in rychjeshûs

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.