HEA! Sykje, slypje, sammelje
HEA! Stienneman Klaas Drint
Al fyftich jier hâldt Klaas Drint fan Drachten him dwaande mei natuerstiennen. Hy siket se, seaget se dan dwerstroch, en dêrnei wurde se moai slipe. Foaral by bouprojekten en by de oanlis fan diken binne der goeie fynplakken foar stiennen.
De lêste jierren wurdt it dreger om noch moaie eksimplaren te finen omdat oeral stekken omhinne steane seit Drint. Dêrom is hy no mear dwaande mei it bewurkjen fan de stien. Hy makket der foarwerpkes fan lykas skûtsjes.