HEA! Gjin kantoarbanen mear foar doarpssmid Schellevis
As lyts jonkje wie Simon Schellevis fan Eksmoarre al bot ûnder de yndruk fan it wurk fan de doarpssmid. Nei skoaltiid kaam er al graach yn de smidte.
HEA! Siersmid Schellevis
Syn hiele libben hie Schellevis kantoarbanen. Mar nei syn pensjonearring pakte hy it smeien op. As smid fan it museumdoarp yn Allingawier en as siersmid makket hy de moaiste foarwerpen fan smei-izer. Schellevis kin al syn kreativiteit der yn kwyt en it is ek nochris goed foar de kondysje.