HEA! Tiid foar de winterbannen

HEA! Goeie winterbannen
Yn Hurdegaryp is André de Jong dwaande om de winterbannen ûnder syn auto te setten. Eins hie dat al moatten, mar it kaam der mar net fan. Goed acht jier ferlyn hat André in beroerte hân en sûnt dy tiid kin hy net te folle op ien dei dwaan. It ferwikseljen fan de bannen is krekt in moai putsje.
André is nei de beroerte ôfkard en hy wurdt ek net mear de man dy't hy wie. Hy is der lichaamlik goed ôfkommen, mar hat noch altyd lêst fan psychyske klachten. Hy is altyd wurch en ferjitlik, je kinne it fergelykje mei ien dy't groanysk in burn-out hat. It is akseptearjen en dermei leare te libjen, ek foar syn omjouwing.