HEA! Yn training foar de Fytsalvestêdetocht
HEA! Goeie! Boalsert
It is noch mar de twadde training op de racefyts dit jier, mar freondinnen Margriet van der Brug en Amarins Sieperda binne yn alle gefallen op gong. Se traine foar de Fytsalvestêdetocht.
It is noflik waar, it sintsje skynt en sa bouwe se harren kondysje stadichoan op. Margriet hat in startkaart foar de 220 km lange tocht en sil him foar de twadde kear fytse.
Amarins hat noch net in kaart, want se wiene samar op. Se hopet dat se noch earne in kaart krije kin en oars sil se Margriet supporte.