HEA! Omtoffelhinnen yn Hurdegaryp

HEA! Goeie! Omtoffelhinnen
Trije grouwe hinnen skarrelje op 'e dyk om yn Hurdegaryp. Se lykje harren nearne wat fan oan te lûken en stappe moai fierder.
Ien fan de buertbewenners is bang dat it mei it foarbykommende ferkear gau hinnen foar yn de panne binne. In oare buorman neamt se 'omtoffelpiken'. In kat soe der ek wolris mei oan de haal gean kinne.
De piken binne nei alle gedachten fan nije bewenners op 'e buert, mar hielendal wis is de Hurdegarypster der net fan.