Omrop Fryslân

Hoe riede Fryske boargemasters har ta op it fjoerwurkferbod? "Haw der mingde gefoelens by"

Fjoerwurk yn Ferwert
© CAMJO Media
De Twadde Keamer hakke koartlyn de knoop troch: der komt in fjoerwurkferbod. Hoe riede Fryske boargemasters har ta op dit beslút? "We moeten mensen ook iets teruggeven", stelt boargemaster Avine Fokkens fan de gemeente Hearrenfean.
Yn de gemeenteried fan gemeente Hearrenfean soe tongersdei in moasje fan de PvdA bepraat wurde oer in nije ynfolling fan âld en nij. Der moat sjoen wurde nei sintrale fieringen foar de doarpen, fynt dy partij.
"Een sympathiek idee", fynt Fokkens. Hoe't de oare leden fan de ried deroer tinke, bliuwt noch even ûnwis, want de diskusje hjiroer is útsteld oant de gearkomste fan maaie.
Boargemaster Avine Fokkens fan de gemeente Hearrenfean
© Omrop Fryslân
Mar dat de gemeente hjir nei sjen moat, is hja it wol mei iens. "Je zult mensen hebben die vinden dat er iets wordt afgepakt, dan moet je hen ook iets teruggeven. Je kunt dan denken aan een vuurwerkshow op een centrale plek of een lasershow."

Wenne

"Ik heb begrepen dat dat ook fantastisch mooi kan zijn", ferfolget Fokkens. "Ik hoop dat dit uiteindelijk de nieuwe traditie wordt. Het zal even wennen zijn, maar toen ik tientallen jaren geleden voor het eerst een skihelm opzette, vond ik het ook belachelijk. Nu kan ik me niet voorstellen dat ik überhaupt zonder op de latten ben gestapt."
Ek foar de kommende jierwiksel - dan is it ferbod noch net jildich - moat der goed neitocht wurde oer de ynset fan plysje en brânwacht. Yn de regel binne der yn Hearrenfean gjin grutte problemen. "Maar de verwachting is toch dat mensen extra losgaan."
Hoe duidelijker je laat weten dat het niet meer mag, hoe sneller het uit het straatbeeld zal verdwijnen.
Boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert
Sybrand Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert en foarsitter fan Veiligheidsregio Fryslân, fynt dat it beslút "onvermijdelijk" wie. "Dit gaat echt helpen bij het beschermen van hulpverleners."
"Daarnaast is er inmiddels het hele jaar door vuurwerk in omloop. We zien nu zelfs vuurwerkbommen die op grote schaal gemaakt worden. Als je dat bij de bron kunt aanpakken met een verbod, kun je ook eerder en effectiever optreden", seit Buma.
"Natuurlijk zal er nog steeds vuurwerk afgestoken worden, maar ik ben ervan overtuigd dat het minder zal zijn én beter te handhaven valt."
Hy ferwachtet net dat it mei it ferbod yn ien kear dien is mei it fjoerwurk op âld en nij. "Maar hoe duidelijker je laat weten dat het niet meer mag, hoe sneller het uit het straatbeeld zal verdwijnen."

Negative reaksjes

Buma is dêrmei in stik positiver as syn kollega Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. Yn syn gemeente moast by de foarige jierwiksel - en net foar it earst - de ME ynset wurde. "Ik haw der mingde gefoelens by."
Boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân
© Omrop Fryslân
Kramer tinkt krekt as Buma dat it ferbod op de lange termyn helpe kin. Mar hy is ek bang foar de negative reaksjes by in part fan de minsken dy't fine dat der harren in tradysje ôfpakt wurdt. Hy tinkt net dat it legale fjoerwurk in probleem is, mar just it yllegale fjoerwurk.
En dat soe wolris mear wurde kinne. Dêr binne ek sikehuzen en feilichheidstsjinsten benaud foar. Foar de plysje sil it net maklik wêze om op te treden: "Gean der mar oan stean. Guon stêden hienen de ôfrûne jierren al in fjoerwurkferbod, mar it wie net te hanthavenjen."

Sifers

Ut sifers fan Veiligheid NL docht bliken dat, fan alle ferwûningen, 65 persint feroarsake waard troch regulier fjoerwurk. 18 persint falt ta te skriuwen oan fjoerpylken en knalfjoerwurk en 17 persint troch yllegaal fjoerwurk.
Karbidsjitterij yn Drachten en Beetstersweach
© SRFotografie
Kramer is bliid dat karbidsjitten bûten it ferbod falt sa't it no liket. "Der binne in soad minsken dy't hjir in ferskriklik soad niget oan belibje. Dat soe de angel wolris wat út de diskusje helje kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.